article

In ynternet is in samling fan kompjûternetwurken. Wylst in kompjûternetwurk gewoanwei bestiet út fysyke komponinten (kabels, skeakelingen ensfh.), bestiet in ynternet allinne út in samling protokollen, yn it gefal fan 'it' ynternet, it saneamde IP (internet protocol). Kompjûters yn ferskillende netwurken en mei ferskillende bestjoeringssystemen kinne troch it tapassen fan dy protokollen meiinoar kommunisearje. In fysyk kompjûternetwurk is meast beheind ta in gebiet of organisaasje. It systeem fan ûnderlinge kommunikaasje tusken kompjûters yn sa'n beheind netwurk wurdt ek wol yntranet neamd. Fanút geandewei mear yntranetwurken is der ek tagong ta it ynternet mooglik, wylst der ek in tendins is dat guon siden op it www allinne foar persoanen as organisaasjes tagonklik binne dy't dêr spesjaal foar machtige binne.

Wat yn it spraakgebrûk as it ynternet oantsjutten wurdt is in grut iepenbier kompjûternetwurk, wêrby de ôfspraken besteane út Requests For Comments, beheard troch de Internet Engineering Task Force. Der is feitlik gjin eigner fan it ynternet.

De measte dokuminten dy't fia it ynternet op te freegjen binne, binne opmakke yn HTML.

Kompjûter

Internet | ድኅረ ገጽ መረብ | إنترنت | Internet | İnternet | ইন্টারনেট | Інтэрнэт | Интернет | Internet | Internet | Internet | Internet | Internet | Rhyngrwyd | Internet | Internet | Διαδίκτυο | Internet | Interreto | Internet | Internet | Internet | اینترنت | Internet | Internet | Internet | Internet | Idirlíon | Internet | 인터넷 | אינטרנט | इंटरनेट | Internet | Internet | Internet | Internet | אינטערנעט | Internet | Internetið | Internet | ᖃᕆᓴᐅᔭᒃᑯᑦ ᑎᑎᕋᖅᓯᒪᔪᑦ | インターネット | ინტერნეტი | Интернет | ಅಂತರ ಜಾಲ | Înternet | Interrete | Internet | Internet | Internetas | Internets | Интернет | Internet | Internet | Internet | Internett | Internett | Enternette | Интернет | Internet | Internet | Internet | Internet | Интернет | आन्तरजालम् | Internet | Internet | Internet | Internet | Medmrežje | Internet | Интернет | Internét | Internet | Intaneti | இணையம் | อินเทอร์เน็ต | Internet | Intanet | Internet (özel isim) | Päräwez | ئخەلقارالىق تور | Інтернет | شبکہ | Internet | Internet | Vüresod | Daegntoele | 互联网 | 互聯網

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Ynternet".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld