In substraattaal is in taal dy't yn in beskate krite belies jûn hat foar in oare taal, de superstraattaal. Somtiden wurdt ek wol de koartere term substraat brûkt.
Om't it ferfangen meast net folslein is, binne yn in superstraattaal faak resten fan de substraattaal werom te finen. Dizze resten, dy't ôfwike fan de normale regels fan de taal, kinne gewoane wurden wêze mar ek nammen, lykas âlde plaknammen of tradisjonele persoansnammen.
Ear't de Germanen troch de Limes brieken, waard yn Súd-Dútslân nei alle gedachten in Romaanske taal praat. It Dútsk hat dêr dan in Romaansk substraat. Mar ek dy Romaanske taal hie wer in substraattaal, it Keltysk dat noch earder yn dat gebiet praat waard.
By dizze rekonstruksje wurdt yn it earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't oan 'e Germaanske lûdferskowing net meidien hawwe. Sa is de Yndogermaanske p oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta f wurden (Latynsk pellis wurdt ta Frysk fel). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei p oan it wurdbegjin dy't net fan lettere ûntliening of fan lûdneibauwen ôfkomstich binne, dan sil it dus om substraatwurden gean. Mûglike foarbylden binne: paad en poel.
In mooglik foarbyld fan in âlde plaknamme koe Peazens wêze.
Substrat | Substrat (Linguistik) | Substratum | Substrat | Substrato (linguistica) | Substraatspraak | Substraattaal | Субстрат
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Substraattaal".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world