In sport is in fysyk spul of tinkspul, dêr't neffens in reglemint wedstriden yn spile wurde foar in kampioenskip. Dat wol net sizze dat der allinnich soksoarte wedstriden spile wurde, mar mear dat der njonken de regels fan it spul, ek de regels binne foar it organisearjen fan wedstriden.
Skiednis
Sport is al bekind út de
klassike âldheid. Yn it bysûnder wit men dat ferskate steaten doe spullen organisearren. De ferneamdste fan dy spullen wienen de
Olympyske Spullen. Yn de moderne tiid krige de ynternasjonale sport mei it opkommen fan de naasjes in grutte ympuls, wat úteinlik laat hat ta de hjoeddeiske opset mei lânskampioenskippen en wrâldkampioenskippen.
Typysk Fryske sporten
Kategoryen
Sporten kinne nei kenmerkende hanneling yn kategoryen opdield wurde. Hjir in yndieling yn kategoryen, mei foar eltse kategory wat foarbylden:
Sporten dêr't op in formele wize by fochten wurdt:
Sporten dêr't by besocht wurdt de bal, of wat oars, yn it doel fan de tsjinstander te spyljen:
Sporten dêr't by besocht wurdt de bal sa werom te spyljen dat de tsjinstander in fout makket:
Sporten dêr't in doel rekke of helle wurde moat. In kenmerk fan dizze sporten is dat der gjin trochgeande ynteraksje is:
By dizze sporten giet it meast om it ôflizzen fan in ôfstân yn sa min mooglik tiid. It komt lykwols ek foar dat der in sa grut mooglike ôfstân yn in beskate tiid ôflein wurde moat.
Sporten dêr't op ien stuit gâns de prestaasje levere wurde moat:
Alhoewel't dizze sporten faak besibbe binne mei de doersporten is hjir de útfiering it doel:
Dizze sporten binne dwaande mei it behearskjen fan it ûnbehearskbere: in auto, in boat, in hynder. It doel kin de faasje wêze, mar ek de graasje:
Dit binne sporten dy't meast op geastlike feardigens oankommme:
Kombinaasjesporten
Der binne ek sporten dy't opset binne as kombinaasje fan twa of mear oare sporten:
Oare yndielings
Njonken nei type hanneling wurde sporten ek op oare wizen yndield:
Sportwrâld
De sportwrâld is almeast organisearre yn sportferienings, lannelike sportferienings en wrâldsportassosjaasjes. In bysûnder plak wurdt ynnaam troch de organisaasjes fan sporteveneminten, lykas de
Olympyske spullen.
Sjoch ek
Sport
Sport | Esporte | رياضة | Deporte | Fàrìkòlònyenaje | Спорт | Sport | Sport | Esport | Sport | Szpòrt | Chwaraeon | Sport | Sport | Αθλητισμός | Sport | Sporto | Deporte | Sport | Kirol | ورزش | Urheilu | Ítróttur | Sport | Sport | Spórt | Spòrs | Deporte | 스포츠 | ספורט | Սպորտ | Sport | Sport | Sport | Olahraga | Sporto | Sport | スポーツ | სპორტი | Спорт | Deportus | Espor | Sport | Sjport | Sportas | Sports | Спорт | Sukan | Sport | Idrett | Sport | Sport | Deporte | Sport | Desporto | Sport | Sport | Спорт | Sport | Sport | Спорт | Sport | Šport | Šport | Sporti | Спорт | Sport | விளையாட்டு (Sports) | กีฬา | Palakasan | Spor | Sport | تەنھەرىكەت | Спорт | Spor | Thể thao | 体育