It Amelân (Ameland) is ien fan de fiif Fryske waadeilannen. It is in gemeente mei 3.554 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in gebiet fan 268,5 km2, wêrfan 209,97 km2 wetter, en 55,2 km kust.
Krekt hoe lang it Amelân al bewenne wurdt is net wis. It begjin fan de skiedskriuwing oer it Amelân is lykwols de stifting fan it kleaster Foswert yn 889. Oant 1405 hearde it eilân by Ferwerderadiel. Nei 1405 stribjen de hearren fan Amelân, it geslacht Van Cammingha ta in ûnôfhinklike steat, wat it eilân oant 1795 west hat. Nei de Frânske tiid waard it Amelân in gritenij fan Fryslân en letter in gemeente.
It eilân hat yn de rin fan de tiid ferskate doarpen ferlern, oan de see en oan it sân. Yn de 18e ieu drige de Slink it eilân sels yn twa te brekken, mar minsk en natuer hawwe dit net barre litten. Fan 1872 oant 1882 hat it Amelân fia de Amelânske Daam mei de wâl ferbûn west. Om't de see machtiger wie as de minsk, hat men de daam opjaan moatten, mar by leech wetter kin men der hieltiid noch parten fan lizzen sjen.
Amelân | Ameland | Ameland | Ameland | Ameland | Ameland | Ameland | Ameland | Ameland (eiland) | Ameland
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"It Amelân".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world