article

De gemeente is de tredde laach fan bestjoer, in part fan in provinsje. In gemeente wurdt foarme troch ien of mear doarpen of stêden en it lân dêr om hinne.

Bestjoer


It deistich bestjoer fan de gemeente wurdt dien troch boargemaster en wethâlders; de gemeenterie hat it bestjoer oer langere tiid. As wurkplak hawwe dizze organen it gemeentehûs, dat meast in it grutste of âldste plak fan de gemeente stiet. Dat plak wurdt dan beskôge as it haadplak fan de gemeente. As it haadplak in stêd is dy't it grutste part fan de gemeente, in stêdsgemeente, foarmet, dan wurdt sprutsen fan in stêdshûs.

Skiednis


Oant 1851 wie de tredde laach fan bestjoer yn Nederlân opboud út stêden en gritenijen. Dat jier waard de Gemeentewet oannaam dy't de histoaryske ferskillen yn de tredde laach fan bestjoer weimakke.

Sjoch ek


Gemeente (bestuur)

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Gemeente".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld