Willem Tjerkstra (* 15 augustus 1943, It Heidenskip) is in Frysk skriuwer.
Biografy
Willem Tjerkstra is op 15 augustus 1943 berne as soan fan Bernardus Tjerkstra en Jacoba Fortuin, op It Heidenskip, op it
skûtsje De twee gebroeders. Op syn 10e ferhuze er nei
Terherne.
Hy folge in oplieding ta ûnderwizer. Oan't
1989 wie er aktyf as direkteur/ûnderwizer; it langst stie er oan basisskoalle
De Ark yn
Snits. Yn 1989 kaam er yn tsjinst fan
It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân yn
Ljouwert, dêr't er him ta lei op it skriuwen fan
Frysk lesmateriaal en fierder einredakteur wie fan
Byntwurk en stikken levere oan de learlingeblêden
Sjedêrrr!!! en
De Holder.
Boekeskriuwer
Yn
1986 debutearre Tjerkstra mei it histoaryske jongereinboek
De wite kastanje. Yn syn wurk binne twa tema's dy't faak werom komme: minsken mei maatskiplike problemen en de
Twadde Wrâldkriich. Yn sawat alle wurk pleatst Tjerkstra saken yn in histoarysk ramt. Yn
1996 makke hy tegearre mei tekener
Luuk Klazenga it earste oarspronklik Frysktalige stripboek yn kleur:
De reizen fan Tsjam. Yn
2003 is him foar de trijedielige histoaryske roman
Ridder fan Snits de
Gysbert Japicxpriis takend.
Bibliografy
Romans
- Finzen yn bylden (1992)
- Ridder fan Snits, diel I - Rom (1999)
- Ridder fan Snits, diel II - Skuld (2000)
- Ridder fan Snits, diel III - Boete (2001)
- Snijpunten (2002)
- Dokslepers (2005)
Ferhalebondel
Berneboeken
- De wite kastanje (jongereinboek, 1986)
- It fjoer fan de ûnmacht (jongereinboek, 1987)
- De marsbosk (jongereinboek, 1989)
- De oaljespinnen (1993)
- De rie fan fjirtjin (jongereinboek, 1995)
- De reizen fan Tsjam (stripboek, 1996)
- De Alvestêdetocht fan Tsjam (stripboek, 1996)
Keppeling om utens
Fryske skriuwers