Fersprieding_westgermaanske_talen.GIF
De Westgermaanske talen foarmje in taalkloft fan tusken de 13 en 25 talen, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Germaanske taalfamylje. It oarsprongsgebiet fan 'e Westgermaanske talen is noardwestlik Jeropa, mar troch migraasje en kolonisaasje hawwe se har yn 'e lêste fiifhûndert jier oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, sadat se no yn Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en súdlik Afrika de dominante taalkloft foarmje. Se wurde hjoed de dei troch likernôch in heal miljard minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de grutste taal út dizze groep is it Ingelsk, op ôfstân folge troch it Dútsk. It Nederlânsk en it Frysk hearre ek ta dizze taalkloft.
De Westgermaanske talen wurde sa ûnderferdield:
| taal | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ingelsk | one | two | three | four | five | six | seven | eight | nine | ten |
| Skotsk | ane yae | twa | thrie | fower | five | sax sex | seiven | aicht aucht | nyne neen | ten |
| Frysk | ien | twa | trije | fjouwer | fiif | seis | sân | acht | njoggen | tsien |
| Eastfrysk (Sealtersk) | aan | twäi twäin twoo | träi | fjauwer | fieuw | säks | soogen | oachte | njugen | tjoon |
| Noardfrysk (Mooring) | iinj ån | tou tuu | trii tra | fjouer | fiiw | seeks | soowen | oocht | nüügen | tiin |
| Nederdútsk (Westfaalsk) | eein | twei | drai | veier | fief | söss | siewen | acht | niegen | tein |
| Nederlânsk | een | twee | drie | vier | vijf | zes | zeven | acht | negen | tien |
| Afrikaansk | een | twee | drie | vier | vyf | ses | sewe | agt | nege | tien |
| Sieusk | èène | twèèë | drieë | viere | vuve | zesse | zeuvene | achte | negene | tiene |
| Limboarchsk | een | tweej | drai | vier | vaif | zees | zeeve | aach | neuge | téin |
| Lúksemboarchsk | een | zwéi | dräi | fier | fönnef | sechs | siwwe | aachte | néng | zéng |
| Dútsk | eins | zwei | drei | vier | fünf | sechs | sieben | acht | neun | zehn |
| Jiddysk | eyns | tsvey | dray | fir | finf | zeks | ziêben | akht | nayn | tsen |
| Pennsylvaansk (Amish) | eens | zwee | drei | viere | fimfe | sexe | siwwe | achte | neine | zehe |
| Switserdútsk (Bernsk) | öins | zwöi | dröi | vier | füüf | ssechs | ssiem | åcht | nün | zäh |
De ferskillen tusken de Noard- en Súdwestgermaanske taalkloften waarden yn en sûnt 'e Midsieuwen noch fergrutte troch de ynsulêre ûntwikkeling fan it Ingelsk oan 'e iene kant en de Heechdútske lûdferskowing oan 'e oare kant.
De wichtichste ingveonismen binne:
Fierders hat de Jeropeeske Uny as minderheidstalen erkend: Frysk, Jiddysk, Skotsk, Noardfrysk, Sealterfrysk, Nederdútsk en Limboarchsk. De measte taalkundigen beskôgje ek it troch neikommelingen fan Dútske migranten sprutsen Minnistedútsk, Pennsylvaansk, Hutteristedútsk en Wilamowytsersk ornaris as ôfsûnderlike talen. Fierders binne der dan noch in stikmannich taalfoarmen dy't dernei stribje om as taal erkend te wurden. Men kin dan bygelyks tinke oan it Sieusk/Westflaamsk yn Nederlân en Belgje, it Biltsk yn Fryslân en it Switserdútsk fan Switserlân. En ta ein beslút binne der noch de talen fan ynternasjonale minderheden, lykas it Anglo-Romany yn Ingelân en it Jenysk yn Dútslân.
Taalkloft | Западногермански езици | Llengües germàniques occidentals | Západogermánské jazyky | Westgermanische Sprachen | Δυτική Γερμανική | West Germanic languages | Langues germaniques occidentales | Zapadnogermanski jezici | Bahasa Jermanik Barat | Westgermaansche Spraken | West-Germaanse talen | Vestgermanske språk | Języki zachodniogermańskie | Západogermánske jazyky | 西日耳曼语支
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Westgermaanske talen".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world