It Skylgersk, ek wol Westersk, is it Fryske dialekt fan it westlike part fan it waadeilân Skylge. It wurdt sprutsen troch likernôch 400 almeast âldere minsken yn de flekke West-Skylge en omkriten. Dat sprekkersoantal nimt de lêste tsientallen jierren fluch ôf.
It Skylgersk is nau besibbe oan it Aastersk, it dialekt fan it eastlike part fan Skylge. De beide susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan Skylge.
Yn 1986 waard troch de Fryske Akademy it Woddenboek fan et Westers publisearre. Eins is dat net in wurdboek, mar in wurdlist, dy't troch de Fryske Akademy as tige foarriedich beskôge wurdt en op basis wêrfan letter nochris in echt wurdboek ferskine moat.
Lânkaart_lokaasje_skylgersk.GIF
Ek de stavering wykt nochal ôf fan it Standertfrysk. Oan 'e ein fan wurden wurdt de letter "g" skreaun wêr't it Standertfrysk "ch" hat: ferlykje "borg"-"berch" en "trog"-"troch". Fierders wurde de stomme "r" en "l" net stavere: ferlykje "east"-"earst" en "sôt"-"sâlt". Ek wurdt it yn 'e Fryske stavering beholden ferskil tusken de "â" en de "ô" net werjûn; it Skylgersk skriuwt foar beide "ô": ferlykje "ôd"-"âld". De "â" wurdt dan reservearre foar de koarte a-eftige klank yn bygelyks "mâlheid" ("mâlheid"). Krekt sa wurdt de "o"-klank fan "hok" altyd mei in "o" skreaun: ferlykje "fon"-"fan". Boppedat komt de letter "û" net foar; dy klank wurdt altyd stavere as "oe". Oarsom wurde der fiif letters brûkt dy't it Standertfrysk net ken:
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Skylgersk".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world