Map NL Kollumerlân Westergeast.png fan Westergeast]] Westergeast, ek wol de Geast, is it westlikste doarp fan de gemeente Kollumerlân.
Allear wie it doarpsgebiet grutter as it no is. De Trieme is selstannich wurden en earder Sweagerfean en Sânbulten binne no part fan Kollumersweach.
De tsjerke fan Westergeast is likernôch fan 1150. Der moat earst in dowestienen tsjerkje stean hawwe, dêr't lykwols net folle fan werom te finen is. De hjoeddeiske romaanske tsjerke wie de twadde tsjerke. De patroanhillige wie Sint Marten. De geastliken waarden mei de stimhawwenden oanwiisd troch it kleaster fan Dokkum. Oarspronkelik wie de de toer in sealdaktoer. Mar yn 1802 is de toer ferlege en hat er in spits krige.
Yn it koar fan de tsjerke binne der noch fragminten fan gewelfskilderingen. By de restauraasje yn 1957 binne dy wer dúdliker makke. Yn de tsjerke stiet in hiel ienfâldige hearebank foar de bewenneners fan Beintemahûs. In bysûnderheid binne de beide balken dêr't de beide doarren fan binnenút mei ôfsletten wurde kinne. Ek yn tiden fan gefaar gienen de minsken foar har feiligens de tsjerke yn.
Troch't Westergeast oan de Nije Swimmer leit, in part fan it streamkanaal fan de Burgumermar nei Dokkumer Nije Silen, is der belangstelling fan boatsjeminsken kommen. Der binne dan ek twa kampings.
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Westergeast".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world