Umberto di Bosso é Compadres wie in Fryske garage-rock band. De groep bestie út Lammert Voos (gitaar en sang), Jan Folmer (basgitaar), Bertus de Blaauw (slachwurk), Robin van Velzen (eftergrûnsang en gitaar) en Robijn Niemeijer (fluit en saksofoan). Yn it iere begjin makke Peter Moed as gitarist ek diel fan de groep út.
It Begjin
De groep ûntstie yn
1984 as gelegenheidsformaasje, om op te treden yn it foarprogramma fan in konsert fan
The Cure yn it
Bolwurk fan
Snits. It optreden wie sa'n sukses dat se it oan't desimber 1988 úthâlde soenen.
Stipe troch de drummer fan de band
Claw Boys Claw folgje der yn it neijier fan 1984 in tal optredens yn de
Melkweg yn
Amsterdam. Aloan komme der mear optredens los en in positive resinsje yn muzykkrante
Oor fan
Tom Engelshoven soarget foar in trochbrek. Voos spilet syn "rol" as de los-sleine Umberto di Bosso sa goed, mei net te foarsizzen gedrach en wylde útspraken, dat de parse him al gauweftich "de skaadkant fan
Elvis Presley" neamt.
Earste LP
Yn
1985 wurdt gitarist Peter Moed, dy't him net mear thús fielde yn de band, opfolge troch Robin van Velzen. De ekperimentele van Velzen blykt in oanwinst. As se yn desimber fan dat jier yn it foarprogramma fan
The Scientist spylje, lûke se de oandacht fan de Ljouwerter platebaas
Wobbe van Seijen. Se hawwe noch opnames fan it earste optreden yn Amsterdam lizzen en dy wurde yn
1986 útbrocht ûnder de namme "Live at the Milkey Way". De plaat wurdt in ynternasjonaal sukses.
Umberto folwoeksen
Yn de simmer fan dat jier spilet Umberto di Bosso é Compadres yn de
Prinsetún yn Ljouwert. Troch klachten út de stêd wurdt de muzykfergunning ynlutsen, wat nochal wat rûs yn de parse ta gefolch hie.
De band is dan it stadium fan de garage-rock al passearre. De komposysjes binne foldroegen en de muzikanten binne proffesjoneel wurden. Mei as produsinten Joop van der Linden en Brian van Montfoort wurdt "The Burden" opnommen. De plaat wurdt goed ûntfongen mar is kommersjeel gjin sukses.
Mei de Spasmodique
Yn de jierren dêrop ûnstie in fruchtbere gearwurking mei de groep
Spasmodique. Dy komme se foar it earst tsjin op de
Noorderslag yn Grins. Yn
1987 sille se in kear as wat meielkoar optrede.
It jier dêrop ferskynt de twadde plaat: "Overstepping the Bounds". Nei in suksesfol toernee mei de Spasmodique ûnder de namme "The Howlin'" wurdt it wat rêstiger: Voos is wurrich en der komt in ein oan syn relaasje mei Robijn Niemeijer dy't de band ferlit.
It Slotakkoard
Robijn Niemeijer kriget yn
1988 opfolgers yn de persoanen fan trompettist
Sybolt Kamstra en in trombonist mei de bynamme
Johan Skuufmongoal. Se wurde boekt foar it
Sneekwave festival dêr't ek
James Brown optrede sil. Dy rekket lykwols yn de finzenis en it hiele festival wurdt ôfblaasd. Nei noch in pear optredens yn de nije besetting, wurdt op
26 desimber fan dat jier yn it Bolwurk yn Snits in ôfskiedskonsert jûn. Ek Robijn is dêr wer fan de partij, lykas twa leden fan de Spasmodique.
Neffens kenners wie it lêste konsert it bêste út de skiednis fan Umberto di Bosso é Compadres.
Diskografy:
- 1985 Live at the Milky Way
- 1986 The Burden
- 1987 Overstepping The Bounds
Keppeling
Muzyk