De Twadde Wrâldkriich, dy't duorre fan 1939 oant 1945, wurdt sa neamd omdat it de twadde oarloch wie dêr't lannen fan sawat alle kontininten by belutsen wiene. Sawol de earste as de twadde wrâldkriich wiene oarloggen fan in skealje dy syn fergeliking net hat. Yn de 2e wrâldkriich lieten sa'n 55 miljoen minksen it libben. De massamoard op 6 miljoen joaden, meast de holokaust neamd, troch Adolf Hitler initiearre en troch Himmler en oaren organisearre, is foar in soad minksen in ûnferjitlik trauma bleaun.
It haadstriidtoaniel wie Jeropa mar ek Aazje waard bot troffen. De oarloch wreide him út nei de wrâldseeën. Trije agressors, Dútslân, Itaalje en Japan, foarmen in pakt. De lannen dy't meiïnoar de tsjinoanfal ynsetten wienen Frankryk en Grut-Brittanje mei oare lannen fan it Britske Steatebûn. Sy foarmen in gearwurkingsferbân, stipe troch de measte besette gebieten, dat nei anology mei de Earste Wrâldkriich de Alliearden neamd waard. Letter kamen hjir Ruslân en de Feriene Steaten noch by.
Foar Nederlân duorre dizze oarloch fan 10 maaie 1940 oant 5 maaie 1945.
Dútslân en Itaalje oerweldigen Denemark, Noarwegen, Belgje, Nederlân, Luksemboarch, Frankryk, Jûgoslaavje en Grikelân, en krigen Hongarije, Bulgarije en Roemeenje ta bûnsgenoaten. De lêste aggressor wie Ruslân dat ek Poalen binnenfoel, Estlân, Letlân en Litouwen oerweldige en parten fan Finlân en Roemeenje ynnaam. Sweden en Switserlân bleaunen frij, mar joegen al stipe oan Dútslân, lykas Turkije. Dútslân en Itaalje oerweldigen ek koloanjes fan harren tsjinstanners yn Noard-Afrika.
Yn 1941 foel Dútslân Ruslân oan, dat dêrmei oan de kant fan Grut-Brittanje kaam. Yn 1942 waard dúdlik dat Dútslân Ruslân net oerweldigje koe, mar dochs ferklearre Dútslân ek de Feriene Steaten fan Amearika de oarloch, dyt dêrmei part fan de Alliearden waarden. Yn 1943 waarden de koloanjes yn Afrika befrijd en Itaalje oerweldige. Yn 1944 oerweldige Ruslân Finlân, Bulgarije en Roemeenje, en befrijde Hongarije, wylst Jûgoslaavje himsels befrijde. Turkije begûn gear te wurkjen mei de Alliearden. Troch twa ynfaasjes yn Frankryk waarden ek Frankryk en Belgje befrijd. Yn 1945 waarden de oare lannen befrijd en Dútslân ferslein.
It offensyf om ek Austraalje te oerweldigjen slagge lykwols net, en de FS, dy't ein 1941 troch Japan oanfallen wienen, hienen yn 1943 sa'n macht opboud dat hja de oerhân op see krigen. Yn 1944 waard dit oerwicht folslein en waarden de eilannen yn de Stille Oseaan befrijd. Yn 1945 waarden de oare besette gebieten befrijd troch Japan ta oerjefte te twingen.
Tweede Wêreldoorlog | Zweiter Weltkrieg | Ōðru Woruldgūþ | حرب عالمية ثانية | Segunda Guerra Mundial | Икенсе донъя һуғышы | Другая сусьветная вайна | Втора световна война | Drugi svjetski rat | Segona Guerra Mundial | Druhá světová válka | Yr Ail Ryfel Byd | 2. verdenskrig | Zweiter Weltkrieg | Β΄ Παγκόσμιος Πόλεμος | World War II | Dua mondmilito | Segunda Guerra Mundial | Teine maailmasõda | Bigarren Mundu Gerratea | جنگ جهانی دوم | Toinen maailmansota | Seconde Guerre mondiale | An Dara Cogadh Domhanda | Segunda Guerra Mundial | Ñorairõ Guasu | 제2차 세계 대전 | מלחמת העולם השנייה | Drugi svjetski rat | II. világháború | Perang Dunia II | Duesma mondo-milito | Seinni heimsstyrjöldin | Seconda guerra mondiale | 第二次世界大戦 | მეორე მსოფლიო ომი | Bellum Orbis Terrarum II | Zweete Weltkrich | Twiede Wereldoorlog | Antrasis pasaulinis karas | Otrais pasaules karš | Втора Светска војна | Perang Dunia II | Tieni Gwerra Dinjija | Tweet Weltorlog | Tweede Wereldoorlog | Andre verdskrigen | Andre verdenskrig | II wojna światowa | Segunda Guerra Mundial | Al doilea război mondial | Вторая мировая война | Secunna guerra munniali | Drugi svetski rat | World War II | Druhá svetová vojna | Druga svetovna vojna | Lufta e II-të Botrore | Други светски рат | Andra världskriget | Vita Kuu ya Pili ya Dunia | இரண்டாம் உலகப் போர் | สงครามโลกครั้งที่สอง | II. Dünya Savaşı | Друга світова війна 1939-45 | Đệ nhị thế chiến | Deujhinme guere daegnrece | 第二次世界大战 | 第二次世界大戰
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Twadde Wrâldkriich".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world