Trinus Riemersma, is in Fryske skriuwer, op 17 maaie 1938 berne yn Ferwert. Hy waard ûnderwizer en stie oan de kristlike legere skoalle fan Gau en de iepenbiere fan Hjerbeam. Underwilens studearre er foar de M.U-B-akte Frysk. Yn 1979 helle er syn doktoraal Frysk. Hy promovearre yn 1984 op in dissertaasje oer Proza van het platteland. De stúdzje gie oer de noarmen en wearden yn it grutter Frysk proaza, skreaun tusken 1855 en 1945. Riemersma wurke, oant it ferdwinen fan de ôfdieling Frysk dêr, as wittenskiplik meiwurker oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Letter wie er dosint Frysk oan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Yn 1996 naam er ôfskie fan it ûnderwiis.
Trinus Riemersma stiet bekend as ien dy't tsjin de stream yn doart te swimmen. Yn de jierren 60 en 70 wiene de tema's yn syn wurk faak kontroverseel en it taalgebrûk in syn romans wie fan in direktens dy't guon lju wreed fûnen.
Trinus Riemersma krige twa kear de Gysbert Japicxpriis: Yn 1967 foar syn earste roman, Fabryk, en yn 1995 foar de roman De Reade Bwarre. Foar syn ferhalen krige Riemersma seis kear de Rely Jorritsmapriis.
1 Fan Fabryk en Minskrotten ferskynden ek Hollânske oersettingen, beide fan de hân fan Rudy Boltendal: Fabriek (1965) en De verwoesting van Leeuwarden (1968).
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Trinus Riemersma".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world