article

Sven Kramer (* 23 april 1986, It Hearrenfean) is in Fryske reedrider ùt Aldskoat. Hy is in soan fan âld maraton- en reedrider Yep Kramer.

Yn 2004 wûn Kramer, noch mar 18 jier, en dêrmei junior, ûnferwachts it Nederlânsk kampioenskip reedriden oer-alles yn Thialf. Dêrmei fertsjinne hy in startbewiis foar syn earste Europeesk Kampioenskip, dêr't hy op 9 jannewaris 2005 twadde waard. Krap in moanne letter, op 6 febrewaris, waard hy yn Moskou tredde op syn earste wrâldkampioenskip oer-alles.

Op 19 novimber 2005, ûnder de tariedings foar de Olympyske Winterspullen yn Turijn, ferbettere Kramer by in Wrâldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wrâldrekord op de 5000 m fan Chad Hedrick, dat net mear as in wike âld wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide ûnder de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de lêste bocht ûnder syn tjinstanner troch en sette in nije wrâldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.

Grutste suksessen


Reedrider

Sven Kramer | Sven Kramer | Sven Kramer | Sven Kramer | Sven Kramer | Sven Kramer

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Sven Kramer".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld