De Stellingwerven is it súdeastlikste part fan de provinsje Fryslân, súdlik fan de Tsjonger, oan de kanten fan de Linde. Yn it gebiet wurdt in Nedersaksysk dialekt praat, it Stellingwerfsk, en it hat yn ferskate opsichten in oare kultuer as de rest fan Fryslân. Om't de Oeriselder gemeente Stienwykerlân itselde dialekt en deselde kultuer hat, wurdt de namme in inkel kear ek brûkt foar gâns dit taal- en kultuergebiet.
De biskoppen hienen yn Follenhove in tsjerke en kastiel, en behearsken fan dêr út it gebiet. Yn de rin fan de tiid makke hieltiid mear gebiet oan de kanten fan de Linde him los fan Follenhove. Yn 1309 hiene dizze boeren spul mei Follenhove oer pacht, en sletten se harren oanien foar in oanfal op Follenhove. Sa ûntstie in ûnôfhinklike republyk, mei trije keazen bestjoerders, de Stellingen. Yn it feangebiet fan dy tiid wie fansels rjuchtsprutsen op de hichten, de werften. De Stellingwerf is dêrmei it rjochtsgebied fan de stellingen.
Lykernôch 1500 waard de Stellingwerf ûnderwurpen troch de Dútske keizer, dy't de Stellingwerf by Fryslân foege der't it in gritenij as de oaren waard. Yn 1517 waard de Stellingwerf split ta twa stellingwerven, Stellingwerf Westerein en Stellingwerf Easterein, de tsjintwurdige gemeenten West- en Eaststellingwerf. Yn de twadde helte fan de 19e ieu is it grutste part fan it fean ôfgroeven. Sûnt de ein fan de 20e ieu wurdt der sjoen nei it wer gearfoegjen fan de Stellingwerven.
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Stellingwerven".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world