It Stedsk, ek wol Stedfrysk of - ferkeard stavere - 'Stedsfrysk', is de bekoepeljende beneaming foar de Hollânsk-Fryske mingdialekten dy't sprutsen wurde yn de sân stêden Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum en de twa flekken It Hearrenfean en Kollum yn 'e provinsje Fryslân. De Stedske dialekten steane tichter by it Nederlânsk as by it Frysk en de namme "Stedfrysk" is dan ek misliedend, om't it giet om Hollânske en net om Fryske dialekten.
De Stedske dialekten wurde hjoed de dei yn Fryslân sprutsen troch nei skatting sa'n 40.000 minsken. Omrekkene is dat sa'n 6,3% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje. Mei noch likernôch 5.000 Stedsktaligen om utens komt it totaal oantal sprekkers op likernôch 45.000. Fierwei it grutste Stedske dialekt is it Ljouwertersk, mei sa'n 20.000 sprekkers.
De dialekten fan Kollum (net te betiizjen mei it Pompstersk fan Kollumerpomp, dat in Nedersaksysk dialekt is) en It Hearrenfean binne lang negearre yn beskriuwings fan it Stedsk, mar wurde der no almeast wol ta rekkene, ek al wurde se dan net sprutsen yn in stêd.
Fierders wurde somtiden it Amelânsk fan it Amelân en it Midslânsk fan sintraal Skylge oanmurken as Stedske dialekten. Ut resint ûndersyk troch de taalkundige Mathilde Jansen hat lykwols bliken dien dat, ek al binne Stedsk, Amelânsk en Midslânsk allegear ûntstien út in ferminging fan Hollânsk en Frysk, de Stedske dialekten oan 'e iene kant en de eilândialekten oan 'e oare kant dochs dúdlik faninoar ferskille.
Nei de machtsoername troch Albrecht fan Saksen waard it Frysk as bestjoerstaal ferfongen troch it Hollânsk. In oare teory oer it ûntstean fan it Stedsk borduerret dêrop fuort en hâldt út dat de boargerij yn 'e Fryske stêden doe besocht de nije taal, fanwegen de hegere status dy't dy hie, oer te nimmen, mar dy ynstee ferbastere ta it Stedsk. Dizze teory giet dus út fan in troch it Frysk beynfloede neifolging fan it sechstjinde-ieuske Hollânsk.
It ûnderskie tusken dizze twa teoryen is benammen it komôf fan de oarspronklike sprekkers, en se binne yn dizze twa ekstreme foarmen dan ek ûtstien yn de striid om it komôf fan it Stedsk.
Undersikers as Reitze Jonkman en Arjen Versloot geane der hjoed de dei lykwols fan út dat it Stedsk benammen troch keaplju yn Fryslân yntrodusearre is. Yn dy tiid, ear't der in Nederlânske standerttaal ûntstie, gou it Hollânsk nammentlik as lingua franca foar de hannel tusken de gewesten. Troch eigen ûntjouwings en lettere ynfloeden fan it Frysk en it Standertnederlânsk ûntjoegen de Stedske dialekten har ta har tsjintwurdige foarkommen.
Yn elts gefal behold it Stedsk oant 'e ein fan 'e 19e ieu syn relatyf hege status as taal fan 'e stedske boargerij en de Fryske adel. Sûnt is it krekt oarsom en hat it Frysk in hegere status as it Stedsk.
Yn it Harnzersk, it Boalsertersk]] en it Starumersk komt de lange "ú" fan "drúf" foar, dy't skreaun wurdt as "úú", lykas yn "húús" ("hûs"). It Starumersk hat fierders noch de letter "ö", dy't stiet foar de "u" fan "put" of foar de "eu" fan "deun", bygelyks yn "börre" ("boarre") en "föle" ("fôle").
Stadtfriesisch | Stadsfries language | Stadsfries | Stadsfries