In steat is in troch in algemien gesach regearre folksmienskip mei harren gebiet, dy't sjoen wurdt as in rjochtspersoan.
Steaten dy't organisearre binne as rjochtssteat hawwe in Grûnwet. In grûnwet jout oan hokker organen in steat hat en hoe't de macht fan de steat dêroer ferdield is. Ek steane yn in grûnwet de grûnrjochten dy't eltse boarger takomme. In grûnwet is lykwols gjin konstitutyf elemint foar in steat.
It deistich bestjoer fan de steat leit by it regear, dat bestiet út de premier tegearre mei syn ministers. It regear wurdt kontrolearre troch de folksfertjinwurdiging, yn Nederlân besteande út de twadde keamer (it parlemint) en earste keamer (de senaat).
Stat Staat | State Sxtato Estado | État | 国家 | Staat | Valtio