Snits is in gemeente en stêd yn it midden fan Fryslân, mei 33.030 ynwenners (1 jannewaris 2006).
Om Snits hinne lizze yn de klokslach de doarpen Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier.
Snits krige fan 1292 ôf ien as mear stêdsrjochten, of it kin ek wêze dy't it dy rjochten sels naam. It âldste stêdboek dat fan de stêd oerbleaun is, moat in kopy wêze fan in boek fan 1456, dat almeast wurdt rekkene dat Snits dat jier ien fan de Fryske stêden waard. Dit wie it begjin fan in gouden ieu as hannelsstêd. It gong sels sa goed, dat yn 1492 begûn waard in útwreiding fan de stêd en mei de oanlis fan in stêdwâl. Yn likernôch 1525 waard op de kant fan de wâl noch in stêdmuorre setten, wêrmei Snits fan dy tiid ôf de ienichste stêd mei muorren yn Fryslân wie. Yn de 19e ieu waarden de muorre en wâlen wer weihelle om't der ferlet wie fan kaden. Njonken it Bolwurk is fan de wâlen no neat mear oer. Fan de tsien poarten en oare tagongen binnen der noch twa oer: de iene is in lystse trochgong troch it Bolwurk, de oare is de sierpoarte dy't yn 1613 op de Heecheinster Piip boud is: De Snitser Wetterpoarte.
It winkelsintrum fan Snits wurdt brûkt troch de hiele Súdwesthoeke en troch de wettersport fan ûnder oaren de Snitser Mar. De stêd hat ek fierder in sintrumfunksje, ûnder oaren mei twa grutte skoallemienskippen, it Bogerman en it Magister Alvinus, en mei it Antoniussikehûs.
Snits is ek it plak fan wêrút de Alvestêde Fytsfjouwerdaagse organisearre wurdt, en fansels komt de Alvestêdetocht der ek by lâns. De stêd hat twa museums: it Frysk Skipfeartmuseum en it Nasjonaal Modelspoarmuseum.
Op 12 novimber 2005 wie de yntocht fan Sinteklaas foar de lannelike tillefyzje yn Snits.
Op it lân hat Snits twa stasjons oan it spoar fan Ljouwert en Starum en leit it oan de sneldyk A7 fan Noard-Hollân nei Grins. Yn 2003 waard it Houkesleat-akwadukt iepene, wêrmei no in folsleine rûnwei om Snits hinne leit.
Snits | Sneek | Sneek | Sneek | Sneek | Sneek | Sneek (stad) | Sneek | Sneek