article

Skiermûntseach of Skiermuontseach (Schiermonnikoog), yn it lokale Frysk Schiermonnikeich, is ien fan de fiif Fryske waadeilannen. It is in gemeente mei 1.001 ynwenners (1 jannewaris 2003). De gemeente hat in gebiet fan 191,19 km2, wêrfan 152,22 km2 wetter, en 44,2 km kust.

Eilân


It eilân feroaret, lykas oare waadeilannen, ûnder ynfloed fan de Noardsee en Waadsee, hieltiid fan foarm. Om't de grinzen fan de gemeente, en fan de provinsje, útgeane fan de lytste omfang, leit de eastpunt fan it hjoeddeiske, gruttere eilân yn Grinslân, yn de gemeente Eemsmûning. De provinsje Fryslân besiket op it stuit it oare part fan Skiermûntseach fan Grinslân te keapjen.

Sûnt 1989 is it grutste part fan it eilân in Nasjonaal park. Fan Skiermûntseach giet in fear nei Lauwerseach.

Plakken


It ienichste doarp op it eilân is Easterbuorren, meastal allinnich "it doarp" neamd om't Westerbuorren lang lyn troch it wanneljen fan it eilân ferlern gien is.

Skiednis


It eilân hjit nei de Skiere muontsen fan it kleaster Klaerkamp, by Rinsumageast. It wie yn de midsieuen yn besit fan dat kleaster en in part fan de mûntsen wenne op it eilân. Yn 1580 waard Fryslân protestantsk, en dêrtroch waard Skiermûntseach eigendom fan de provinsje.

Om't de provinsje te min jild hie waard it eilân yn 1638 ferkocht, en fan 1640 oant 1859 wie it yn it besit fan de famylje Stachouwer. Fan 1859 oant 1893 wie Skiermûntseach it besit fan John Eric Banck, dy't in nije waaddyk oanlei en helm plante tsjin it stosân.

Yn 1893 waard it eilân ferkocht oan de Dútske greve Hartwig Arthur von Bernstorff-Wehningen, dy't der nullebeammen plante as produksjebosk. Nei de Twadde Wrâldkriich is it as fijannich kaptaal oan Nederlân kaam.

Taal


Op Skiermûntseach wurdt in dialekt fan it Frysk sprutsen. It Skiermûntseager Frysk wykt sa'n soad ôf fan de fêstewâldialekten dat oare Friezen it net maklik ferstean kinne.

Sjoch ek


Eksterne ferwizing


Gemeente yn Fryslân | Waadsee

Skiermûntseach | Schiermonnikoog | Schiermonnikoog | Schiermonnikoog | Schiermonnikoog | Schiermonnikoog | Schiermonnikoog | Schiermonnikoog | Sjiermonnekoug | Schiermonnikoog | Schiermonnikoog

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Skiermûntseach".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld