De skiednis fan it Bilt is de skiednis fan de polders yn 'e mûning fan 'e âlde Middelsee.
De earste kear dat it Bilt neamd waard yn in histoaryske boarne, wie yn 1398. Doe beliende nammentlik Albrecht fan Beieren, greve fan Hollân, dy't oanspraak makke op hiel Westerlauwersk Fryslân, syn ûnderhearrige Arend fan Egmond, hear fan Iselstein, mei it Amelân "benevens een uijtland, gheheten Bil" (en ek it lân bûtendyks dat Bil neamd wurdt).
De greven fan Hollân wisten Fryslân lykwols nea yn harren macht te krijen. Hûndert jier letter, yn 1498, slagge dat de Dútske Albrecht fan Saksen lykwols al. Albrecht fan Saksen krige fan 'e Dútske keizer Maksimiliaan I Fryslân yn lien en woe dan it Bilt, dat troch syn status fan bûtendyks lân net by Fryslân rekkene waard, yn fol eigendom. Dat lân bûtendyks gjin frij lân wie dearde de keizer en de hartoch blykber net, want op 22 july 1498 waard yn it gebiet offisjeel oerdroegen. Albrecht festige him yn Frjentsjer en al rillegau sette er stappen om it Bilt ynpolderje te litten. Hy liet it besichtigje en kaam ek sels del, mar troch de Fryske opstân tsjin syn rezjym yn 1500 en syn hommels ferstjerren datselde jiers koe de yndiking ferskate jierren net trochgean.
Nei Albrecht syn dea waarden Fryslân en it Bilt urven troch syn beide soannen, Hindrik en Joaris, dy't ferskate jierren tegearre regearren. Yn 1501 joegen de twa in part fan 200 moargen fan it noch net ynpoldere lân oan harren haadstêd Frjentsjer, om't de stêd by de opstân oan de Saksyske kant bleaun wie. Sels hjoed de dei noch, fiifhûndert jier letter, is dy grûn ûnder Sint Jabik, de saneamde Frjentsjerter Lannen, gemeentlik besit fan Frjentsjerteradiel. Yn 1504 reizge Hindrik lykwols ôf nei syn stamlân Saksen en in jier letter, op 30 maaie 1505, ferkocht er al syn rjochten op Fryslân oan Joaris, sadat dy fan doe ôf allinnich regearre.
Yn deselde snuorje waard einlik mei de yndiking fan it Bilt begûn. Yn 1504 waarden de Biltlannen opmjitten. Mûglik om't de Saksers nei de Fryske opstân de Friezen net mear fertrouden en om't se foarkomme woenen dat dy neitiid oanspraak op it nij-bedike lân meitsje koenen, waarden lju út Hollân oanlutsen om it wurk út te fieren. Nei lange ûnderhannelings waard der op 22 febrewaris 1505 in ferdrach sletten mei fjouwer Súdhollânske hearen, nammentlik de bruorren Jacob, Floris Oom van Wijngaarden en Dirk Oom van Wijngaarden en Thomas Beukelaar, dy't de skoansoan wie fan Floris.. Dy mannen kamen út 'e omkriten fan Doardt en hienen dêre in protte ûnderfining mei yndykjen en ynpolderjen. Foar sechstjintûzen goudgûnen woenen se dizze put wol oannimme. Se brochten in protte folk, foar in grut part polderwurkers, mar ek boeren, mei út súdlik Hollân, en ek kamen der guon lju oer út Wieringen en West-Fryslân. Yntusken koft Joaris ek noch de rjochten fan Arend fan Egmond syn erfgenamten ôf, en sa koe mei it wurk útein.
Nei ferrin fan tiid slibben der wer kwelders oan by de seedyk en yn 1600 wie dat proses safier foardere, dat der wer in flink stik grûn yndike wurde koe. Dizze polder, dy foartiid bekend stien hie as it Bûtenbilt, waard doe it Nij-Bilt en de nije seedyk de Nijebiltdyk. It Nij-Bilt waard op 'e selde manear as it Ald-Bilt ferpachte, sadat der nije doarpen ûntstienen oan 'e Aldebiltdyk: Westhoek yn it westen en Aldebiltsyl yn it easten. Ek Easthoek en Nij-Altoena ûntstienen dêre, mar dat bleaunen buorskippen ûnder Sint Anne. Earst yn 2006 sil ek Nij-Altoena in doarp wurde. (2006)
Yn 'e achttjinde ieu wie der op 'e nij genôch grûn foar de seedyk oanslibbe om it yn te polderjen. Yn 1715 waarden de Alde Biltpôlen yndike, en yn 1754 de Nije Biltpôlen. Nei de yndiking fan 1715 ûntstie oan 'e Nijebiltdyk de buorskip Swarte Haan en nei dy fan 1754 de buorskip Nijebiltsyl. De úteinlik grutte fan it Bilt nei alle ynpolderings is 116,48 kante km. Dat de see ek tsjintwurdich noch altiten in tsjinstanner is om respekt foar te hawwen die bliken út 'e grutte operaasje dêr't tusken 1970 en 1980 de seediken mei op deltahichte brocht waarden. Sûnt 1754 is der al wer in aardich stik grûn oanslibbe foar de seedyk fan it eastlike Bilt, mei troch it bodzjen fan 'e slykwurkers yn 'e tritiger jierren. Dy kwelders wurde hjoed de dei de Biltpôlen neamd, mar sille wierskynlik nea yndike wurde.
Yn 1555, nei de algemiene troansôfstân fan Karel V, krige ek it Bilt in nije hear, nammentlik Karel syn soan Filips II, dy't ek kening fan Spanje wie. Yn 1568 bruts der yn 'e Nederlannen in opstân tsjin dy syn regear út, dy't it begjin foarme fan 'e Tachtichjierrige Oarloch. Dizze ûntwikkelings gongen ek oan it Bilt net foarby en om 1570 hinne kaam men ek dêre yn ferset tsjin 'e Spanjerts. Folle fochten waard der lykwols net en yn 1581 swarde men dêr, krekt as yn 'e rest fan 'e noardlike Nederlannen, Filips II ôf as kening. By dizze revolúsje, dêr't men tagelyk ek by oergong fan it roomske nei it herfoarme leauwe, waard it Bilt yn 1579 as tritichste gritenij opnommen yn Fryslân. Dochs waard it gjin gewoane gritenij, want de ferhâldings bleauwen itselde. Nei't koart in oar systeem fan ôfdrachten besocht en ôfwiisd wie, gongen it Bilt werom nei it pachtsysteem, mei it ferskil dat de rol fan lânshear no troch de Steaten fan Fryslân spile waard.
Yn 1637 waarden foar it earst, fanwegen de oanhâldende jildneed fan 'e Steaten, stikken fan sawol it Ald-Bilt as it Nij-Bilt oan 'e pachters ferkocht. De ynpolderings fan 1715 en 1754 waarden dien troch de Bilkerts sels, en wienen dus nea eigendom fan 'e Steaten. Yn 1751 ferkochten de Steaten fan Fryslân ek de rest fan harren besittings op it Bilt. Dêrby waarden, troch in op advys fan steedhâlder Willem V ynstelde kommisje, de rjochten en plichten fan 'e nije grûneigners nochris wiidweidich útinoar set. Ien fan 'e wichtichste feroarings wie, dat alle Biltpleatsen no, krekt as yn 'e rest fan Fryslân, stimrjocht krigen.
Yn 1795 makke in Frânske ynfal in ein oan 'e Republyk fan 'e Feriene Provinsjes en kamen ek op it Bilt de Patriotten oan it bewâld. Foar it earst waard dêrnei de rjochtspraak skaat fan it bestjoer. Yn 'e Frânske Tiid waard it Bilt ta in mairie. Yn 1813 kaam it Bilt as ûnderdiel fan Fryslân by it nije keninkryk Nederlân.
Nei 1813 rekken in protte grûnbesitters op it Bilt yn swier waar troch in grut tal mislearre rispingen. In soad Bilkerts wienen dêrom twongen om harren lân oan lju fan bûten it Bilt te ferkeapjen. It wienen fral dy nije grûnbesitters, dy't healwei de 19e ieu begûnen te protestearjen tsjin 'e Biltske doarpsbelestings, dy't noch út 'e tiid fan 'e pachtbetingsten stammen, en dan yn it bysûnder tsjin 'e earmesoarch, dy't bûten it Bilt troch tsjerken regele waard. Nei't it gemeentebestjoer, de Steaten fan Fryslân en sels de kening oanskreaun wienen, waarden úteinlik, yn 1859, trije gemeentlike earmebestjoeren oprjochte, dy't de earmesoarch oernamen. Guon grûnbesitters wie it sa lykwols noch net nei 't sin, om't in part fan 'e oerbleaune doarpsbelesting dochs noch as subsydzje nei de earmebestjoeren gong. Se wegeren te beteljen en brochten de saak foar it gerjochtshof yn Ljouwert. Dat oardiele yn 1863 dat se gelyk hienen en om't alle belestingynkomsten oer de jierren 1857-1863 doe werombetelle wurde moasten, kaam de gemeente mei in geweldige skuldelêst te sitten. Uteinlik laten ûnderhannelings tusken de gemeente en de grûnbesitters fan it Ald-Bilt derta, dat de doarpsbelestings folslein opheft waarden en dat der in wetterskip foar it Ald-Bilt oprjochte waard, dat it ûnderhâld oan diken, slûzen, fearten, brêgen en wegen oernaam. Ek kaam der doe foar it earst in dúdlike skieding tusken tsjerke en steat. Sa waard it Bilt dus min of mear lykskeakele mei de oare Fryske gemeenten en krige it gemeentlik bestjoer dêre syn tsjintwurdige struktuer.
Folle langer as yn 'e rest fan Fryslân, mar ferlykber mei parten fan Grinslân, holden op it Bilt de grûnbesittende grutboeren fêst oan 'e macht. Al yn 'e santiger jierren fan 'e 19e ieu kamen de earme lânarbeiders dêrtsjin yn ferset, mar lange tiid smiet dat neat op. Oant fier yn 'e 20e ieu bestienen de grutte ferskillen tusken earm en ryk op it Bilt fuort, mei as tragysk djiptepunt de krisistiid yn 'e jierren tritich, doe't tûzenen wurkleazen op 'e bûtendykske Biltpôlen oan 't wurk set waarden om dêr it sûgende slyk op 'e kwelders fêst te lizzen. Letter die bliken dat al dat wurk ek noch om 'e nocht wie, want it Nederlânske regear besleat de droechfallen parten fan it Waad net te bedykjen.
De lêste grutte feroaring foar it Bilt kaam yn 1984, doe't by de gemeentlike weryndieling de âlde buorgemeente Barradiel opheft waard en in part dêrfan, it doarp Minnertsgea en omkriten, by it Bilt kaam te hearren. Minnertsgea is lykwols âldlân en makket dêrmei gjin ûnderdiel út fan it nijlân, it histoaryske Bilt. It hat bygelyks nea Biltsktalich west.
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Skiednis fan it Bilt".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world