Shorttrack is in groepstart-foarm fan it reedriden. Der wurdt riden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei fan 4 oant 6 dielnimmers tagelyk. Letterlik betsjut de namme "Koartebaan", mar it is net deselde sport as it Koartebaan fan it baanriden.
Om't kompetysjes faak binnen hâlden waarden, wat yn dy tiid betsjutte dat de baan lytser waard as bûten, hat shorttrack in oare ûntwikkeling trochmakke as it baanriden. Om't de measte binnenbanen iishockeybanen wienen, is dat de standert wurden.
Sûnt 1967 heart shorttrack ta de International Skating Union, dy't der sûnt 1976 wrâldkampioenskippen yn hâldt. Sûnt 1992 is it in fêst ûnderdiel op de Olympyske Winterspullen.
De standertbaan is de iishockeybaan fan 30 by 60 meter. De muorren fan de hal wurdt sêft beklaaid, en de dielnimmers hawwe beskermjende klean en helmen. Dat moat ek om't de bochten skerp binne, en de faasje wol oant 30 km/oere oprinne kin. Om't der in soad bochten nommen wurde moatte, brûke de dielnimmers redens mei izers dy't nei lofts set binne, nei de binnenkant fan de bocht.
Шорттрек | Shorttrack | Short track speed skating | Patinaje de velocidad sobre pista corta | Lühirajauisutamine | Kaukalopikaluistelu | Short-track | Short track | ショートトラックスピードスケート | Shorttrack | Short track | Шорт-трек | Šortrek | 短道速滑
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Shorttrack".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world