article Related Topics:
Romeinen
 

De Romeinen wienen in folk dat libbe yn Itaalje, omkring yn it milennium om Kristus hinne. Oan it begjin fan ús jiertelling hawwe se in keizerryk opbout dat de hiele Middellânske see en grutte parten fan Europa omfette hat.

Yn dy tiid hawwe se ek de Friezen moetsje, en yn dy tiid, doe't de grins fan harren ryk by de Ryn bylangs rûn, hawwe de súdlikste stammen, dy't troch de Romeinen Frisiavones neamt waarden, part fan it Romeinske ryk west. De Romeinen hawwe ek in part fan Grut-Brittanje behearske, en guon fan de Frisiavones hawwe yn harren tsjinst ek dêr west.

De Romeinen hawwe ek de noardlikere Friezen, dy't se Frisii neamden, betwongen, mar se hawwe harren gjin fêst part fan it ryk makke. Se hienen, sa liket it, net sa folle op mei in gebiet dat, sa't sy it seagen, twa kear deis lân en twa kear deis see waard.

Yn de 3e ieu binne de Romeinen hieltyd mear gebiet kwytrekke, oan't it lêste stik 476 troch de Germanen oerweldige is.

রোমান সাম্রাজ্য | Imperi romà | Antický Řím | Yr Ymerodraeth Rufeinig | Romerriget | Römisches Reich | Ρωμαϊκή Αυτοκρατορία | Roman Empire | Romia imperio | Imperio Romano | Rooman valtakunta | Empire romain | האימפריה הרומית | Rimsko Carstvo | Római Birodalom | Kekaisaran Romawi | Impero romano | ローマ帝国 | რომის_იმპერია | 로마 제국 | Imperium Romanum | Réimescht Räich | Romos imperija | Romas impērija | Römsche Riek | Romeinse Rijk | Cesarstwo rzymskie | Império Romano | Imperiul Roman | Roman Empire | Staroveký Rím | Rimski imperij | Perandoria Romake | Romerska riket | 羅馬帝國

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Romeinen".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld