RoaldAmundsen.jpg Roald Amundsen, Roald Engelbregt Gravning Amundsen (* 16 july 1872, Hvidsten - † sirka 18 juny 1928, noardpoalgebiet), wie in Noarsk ûntdekkingsreizger yn de poalstreken. Hy wie de ûntdekker fan de Noardwestlike trochfeart, de earste minsk yn de skiednis dy't de Súdpoal berikte, en ien fan de minsken dy't as earsten de Noardpoal berikten.
Amundsen begûn yn 1890 mei in stúdzje medisinen yn Kristiania, mar nei't Nansen yn 1892 besocht hie mei de Fram de Noardpoal te berikken, hâlde Amundsen op mei de stúdzje en waard er definityf poalreizger.
Yn 1902 helle Amundsen syn brevet as grutskipper, en al yn 1903 late Amundsen syn earste ekspedysje, om te dwaan wat John Franklin net slagge wie: de Noardwestlike trochfeart fine. Twa winters bleaunen se op Kening Willemeilân, noardwestlik fan de Hudsonbaai, dêr't Amundsen ek it plak dat de magnetyske noardpoal doe hie fêststelde. Hy learde ek folle oer it libben yn de snie fan de pleatslike befolking, de Inuit. Ein 1905 kaam it skip yn de Stille Oseaan út, mar troch de winter duorret it oant de maitiid fan 1906 oant it skip út it iis kaam.
Amundsen begûn syn tocht troch Antarktika nei de poal op 20 oktober 1911, en tegearre mei Olav Bjaaland, Helmer Hanssen, Sverre Hassel en Oscar Wisting kaam er op 14 desimber oan op de Súdpoal. Earst 35 dagen letter kaam ek Scott oan op de súdpoal. Op 7 maart 1912 kaam de Fram oan yn Hobart op Tasmaanje, en earst doe koe Amundsen de wrâld witte litte dat er op de Súdpoal west hie. Oer de tocht skreau Amundsen it boek "Sydpolen. Den norske sydpolsfærd med Fram 1910-1912" (De Súdpoal. De Noarske feart nei de Súdpoal mei de Fram 1910-1912).
Mei de opkomst fan de loftfeart gong ek Amundsen oer op loftfartugen. Yn 1925 fleach er mei Lincoln Ellsworth en fjouwer oaren mei twa fleantugen nei 87° 44' noarderbreedte, noardliker as ea in fleantúch west hie. Yn 1926 wie Richard Byrd, neffens eigen sizzen, op 9 maaie as earste mei in fleantúch oer de poal flein. Trije dagen letter fljocht Amundsen, mei ûnder oaren Lincoln Ellsworth, de piloat Hjalmar Riiser-Larsen en de Italjaanske loftfeartyngenieur Umberto Nobile as earste mei in loftskip oer de Noardpoal. Se ferlieten op 11 maaie 1926 yn it loftskip Norge, bout troch Nobile, Spitsbergen en kamen op 13 maaie oan yn Alaska.
Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Ρόαλντ Αμούνδσεν | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | 로알 아문센 | רואלד אמונדסן | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | ロアルド・アムンゼン | Roald Amundsen | Rodoaldus Amundsen | Roald Amundsen | Roaldas Amundsenas | Roalds Amundsens | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Амундсен, Руал | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Амундсен, Руаль | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Роалд Амундсен | Roald Amundsen | โรอัลด์ อะมุนด์เซน | Roald Amundsen | Roald Amundsen | Амундсен Руал | Roald Amundsen | 罗尔德·亚孟森
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Roald Amundsen".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world