De Rink van der Veldepriis is in priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynt as in selsstanniche boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy’t yn Fryslân brûkt wurde. De priis is neamd nei de yn 2001 ferstoarne skriuwer Rink van der Velde, en de eask is dan ek dat it folksaardich wurk wêze moat, skreaun foar in breed publyk, lykas det ek gou foar Van der Velde syn wurk.
Gemeente Smellingerlân en de útjouwer Fryske Parse Boekery hawwe de priis yn 2003 ynsteld. De sjuery wurdt ynsteld troch de stifting It Fryske Boek. Foar eltse winner wurdt troch Anne Woudwyk in byldsje makke nei in tema út it wurk fan Rink van der Velde. Fierders krijt de winner in jildpriis fan 1.250 euro.
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Rink van der Veldepriis".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world