article

It reedriden is it op redens foarútkomme oer it iis. Dat iis kin natueriis wêze, mar ek keunstiis. Mei roltsjeredens kin ek riden wurden dêr't gjin iis is.

It reedriden wurdt sawol as frijetiidbesteging as as wedstriidsport dien. Fral yn winters mei iis wurdt der in protte ryden op fearten en marren, mar der kin ek op iisbanen ryde wurde. As wedstriidsport binne der by it reedriden ferskate dissiplines.

Baanriden


By it baanriden besyket eltse dielnimmer apart sa hurd mooglik in ôfstân te riden. Om't dielnimmers elts in eigen baan hawwe splilet taktyk net in grutte rol.

Groepstart


By de groepstart-dissiplines begjinne alle dielnimmers tagelyk en tegearre, en besyket eltsenien om foar de oaren oan te kommen. De faasje is hjir net it doel, mar it middel om de oaren foarút te kommen.

Sierriden


By it sierriden is net de faasje it doel, mar de bewegings. In sjuery beoardield de styl fan ryden fan de dielnimmers.

Oare iissporten


Der binne ek oare sporten op redens. Om't it riden dêr mar it middel is, wurde dy meast net ta it reedriden rekkene:

Sporten | Reedriden

Eislauf | Ice skating | Patinage | החלקה על הקרח | スケート | Schaatsen | Łyżwiarstwo | Patinagem

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Reedriden".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld