Piter Wilkens is in Fryske sjonger, dy't syn repertoire hielendal yn it Frysk hat. Piter is berne op 26 augustus 1959 te Ljouwert as soan fan Harm en Ymkje Wilkens. Yn 1963 ferhuze it gesin nei Marsum, dêr't syn mem weikaam. Dêr wennet er no noch mei frou en twa bern.
Syn repertoire is in mjuks fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rock 'n roll. Fan willepunk oant folkfers, fan jankfodden oant ballades. Hy skriuwt it measte sels.
As Fryske trûbadoer hat er sa stadichoan de hiele wrâld oer west (Feriene Steaten, Belgje, Poalen, Litouwen, Eastenryk, Frankryk, Ierlân en Dútslân). Mei de band Okke Hel stie er yn 1979 oan 'e basis fan de fryske popmuzyk.
Piter is ek warber as skriuwer en producer foar ferskate oare artysten. In pear fan syn ferskes hat er ek songen yn it Noard-Frysk of it Stêdsk.
Mei Simmer 2000 wie er te sjen yn it muzykspektakel Simmertime, in produksje fan De Kast, dêr 't ek Maaike Schuurmans en Rients Gratama oan mei diene. Op 19 en 21 april 2001, hie er mei in begeliedingsband twa folslein útferkochte konserten yn de Harmonie fan Ljouwert. Lykas yn 2002 mei de Lawei fan Drachten der noch by.
Piter treedt solo op, mar ek mei in pleatslik korps, mei eigen begeliedingsband as op in saneamde Trûbadoersjûn mei kollega's Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman.
Oare CD's wêr 't Piter Wilkens op te hearren is:
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Piter Wilkens".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world