Pelota (Baskysk en Katalaansk: Pilota , Frânsk: Pelote fan it Latynske Pila) is in balsport besibbe oan it keatsen dy't yn ferskillende farianten spile wurdt yn Baskelân en Katalûnje, mar wêrfan yn Midden-Amearika al troch de Maja, Asteken en Tolteken in soartgelyk spul spile waard ûnder de namme Nahuatl (Asteeksk).
De lêste jierren binne der inisjativen om, foar it ûntwikkeljen fan mear ynternasjonale kompetysje, te kommen ta in beheind tal foarmen mei likense regels en materiaal.
De want by Pelota Vasca hat him yn ferskillende regio's ferskillend ûntwikkele. Fan in ienfâldich slachhout (Pala) ta de meast ekstreme foarm, de Cesta, in flochten healrûne ferlinging fan de earm wêryn de bal opfongen wurdt en yn deselde beweging mei hege snelheid wer nei de muorre slingere wurdt. Mei dat materiaal is yn Amearika it saneamde Jai-alai ûnstien, de balsport wêrby de ballen de heechste snelheid helje (oant boppe de 300km yn it oere).
Falensiaansk pilota kin spile wurde op strjitte of yn spesjale kaatshallen, trinkets neamd, dy't dêr yn in grut ferskaat oan maten binne.
Der binne lykas yn Baskelân ferskate foarmen fan pilota, wêrfan escala i corda, raspall, galotxa en llargues it meast spile wurde.
De taskôgers fan it spul kinne weddenskippen slute, wêrby de trinkets en de spilers kommisje krije.
Pilota basca | Pelota | Pilota | Pelota vasca | Pelote basque | Pelota basca | Пелота