article

In nulmeridiaan is in meridiaan, oanwiist as basis dêr't de posysje fan oare meridianen mei bepaald wurdt. Yn it standert geografysk koördinatestelsel is de meridiaan fan Greenwich de nulmeridiaan.

Klassike nulmeridiaan


Klaudios Ptolemaios lei de nulmeridiaan oan it úterste westen fan de wrâld, oer Ferro, it westlikste fan de Kanaryske Eilannen. Arabyske astronomen brûkten sûnt 1075 in oare nulmeridiaan, de meridiaan fan de súdpunt fan Afrika. Op in kongres yn 1634 waard lykwols de meridiaan fan Ferro befêstige.

Moderne nulmeridianen


De grûn foar it fêststellen fan de ûnderskate nulmeridianen is dat, oars as foar de parallellen, dêr't de evener de logyske nulwaarde is, der gjin logyske nulmeridiaan is. As gefolch dêrfan waard by eltse nasjonale trijehoeksmjitting in eigen nulmeridiaan oannaam. Bygelyks:

Standert nulmeridiaan


Yn de 19e ieu kaam der ferlet fan in ynternasjonale standert foar de nulmeridiaan. Yn oktober 1884 waard troch it Ynternasjonale meridiaankongres de meridiaan fan Greenwich oanwiisd as standert nulmeridiaan. Dêrmei waard ek de sinnetiid op dy meridiaan de standert foar wrâldtiid, Greenwich Mean Time.

Relaasje mei oare begrypen


Presys tsjin de nulmeridiaan oer leit de teoretyske Ynternasjonale datumline. Tegearre diele se de wrâld yn twa helten, it Eastlik healrûn en it Westlik healrûn. De hoeke dy't in flak troch de ierdas en de nulmeridiaan makket mei in flak troch de ierdas en in oare meridiaan, hjit de lingte fan dy meridiaan. Op it eastlik healrûn is dat easterlingte, op it westlik healrûn is dat westerlingte.

Meridià de Greenwich | Základní poledník | Nullmeridian | Prime Meridian | Meridiano de Greenwich | Algmeridiaan | Méridien de Greenwich | Meridiano de Greenwich | קו גריניץ' | Núllbaugur | Meridiano di Greenwich | グリニッジ子午線 | Meridiaan van Greenwich | Południk zerowy | Meridiano de Greenwich | Kinh tuyến số 0

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Nulmeridiaan".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld