De Noardwestgermaanske talen foarmje in lytse taalgroep dy't heart ta de Westgermaanske talen. Hja hjitte ek wol Ingveoanske talen, Anglo-Fryske talen, Ingelsk-Fryske talen of Noardseegermaanske talen,
De talen fan dizze taalkloft wurde troch likernôch 325 miljoen minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de wichtichste Noardwestgermaanske taal is it Ingelsk. Oare talen yn dizze taalgroep binne Skotsk, Frysk, Noardfrysk en Sealterfrysk. Guon taalkundigen rekkenje it Anglo-Romany, in taal fan Sigeuners yn Ingelân, der ek ta.
| taal | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ingelsk | one | two | three | four | five | six | seven | eight | nine | ten |
| Skotsk | ane yae | twa | thrie | fower | five | sax sex | seiven | aicht aucht | nyne neen | ten |
| Frysk | ien | twa | trije | fjouwer | fiif | seis | sân | acht | njoggen | tsien |
| Eastfrysk (Sealtersk) | aan | twäi twäin twoo | träi | fjauwer | fieuw | säks | soogen | oachte | njugen | tjoon |
| Noardfrysk (Mooring) | iinj ån | tou tuu | trii tra | fjouer | fiiw | seeks | soowen | oocht | nüügen | tiin |
By it begjin fan de de skriftlike oerlevering fan de Westgermaanske talen, yn de 8e ieu, wienen lykwols ûnderskate Noardwestgermaanske talen ûntstien. Fan dy talen is it Aldingelsk oerlevere fan it begjin fan 'e 8e ieu ôf en it Aldfrysk út ien fragmintaryske psalmoersetting út 'e 12e ieu en fierders fan 'e 13e ieu ôf.
De wichtichste ingveonismen binne:
Anglo-Friesische Sprachen | Anglo-Frisian languages | Anglo-frison | Ingvaeoonse talen
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Noardwestgermaanske talen".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world