Lânkaart_lokaasje_noardfrysk.GIF It Noardfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.
It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan 'e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy't yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr't Husum de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan 'e Noardseekust, fuort besuden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek sprutsen op it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland), yn 'e midden fan 'e Dútske Bocht.
Hjoed de dei befine de grutste konsintraasjes Noardfrysksprekkers har op 'e westlike helte fan it eilân Feer en op it noardlike part fan it Noardfryske fêstelân, yn 'e omkriten fan it twillingdoarp Risem-Looham (Dútsk: Risum-Lindholm). It Noardfrysk wurdt tsjintwurdich eins allinne op 'e eilannen Söl (Dútsk: Sylt), Feer en Oomram, op it fêstelân yn 'e omkriten fan Risem-Loonham en mooglik ek op Hilgelân noch trochjûn oan 'e bern. Benammen op Feer en Oomram wurdt it noch wol troch de jongerein ûnderinoar brûkt, al is der troch de âldere generaasjes nochal wat krityk op 'e Dútske ynfloeden yn harren Noardfrysk.
Under de boppeneamde 8.000 oant 10.000 Noardfrysktaligen binne sa'n 1.000 lju dy't it Noardfrysk as twadde taal troch kursussen of selsstúdzje oanleard hawwe. Nochris sa'n 20.000 ynwenners fan Noard-Fryslân kinne (in dialekt fan) it Noardfrysk ferstean, mar net sprekke. Bûten Noard-Fryslân wenje nei alle gedachten noch ferskate tûzenen Noardfrysktaligen ûnder de Noardfriezen om utens yn Sleeswyk-Holstein en de rest fan Dútslân en ûnder de Noardfryske emigranten yn 'e Feriene Steaten (benammen yn 'e steaten New York en Kalifornje), Kanada en guon Latynsk Amerikaanske lannen. It totale oantal Noardfrysksprekkers leit sadwaande wierskynlik om 'e 15.000 hinne.
Oarspronklik wie it Noardfryske taalgebiet folle grutter, mar troch de ieuwen hinne is it hieltyd fierder ynkrompen, foar in grut part troch de opmars fan it Nederdútsk yn eardere tiden en dy fan it Dútsk yn 'e lêste ieu. Sa stoar it Noardfrysk troch it opkringen fan it Nederdútsk al om 1500 hinne út op it grutte skiereilân Eiderstedt, dat besuden fan it echte Noard-Fryslân leit, mar dat wol ta de tsjintwurdige Kreis Noard-Fryslân heart.
Grafyk_ynwenners_fan_noard-fryslân_en_it_noardfrysk.GIF
Healwei de njoggentjinde ieu wienen der yn Noard-Fryslân noch mear as 30.000 Noardfrysktaligen, dy't yn frijwol alle doarpen de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Yn it Ynterbellum (de perioade tusken de beide Wrâldoarloggen) wie it tal Noardfrysksprekkers al weromrûn nei sa'n 15.000. Lykwols wie dat doe noch altyd ien trêde fan 'e befolking fan Noard-Fryslân en yn guon doarpen wienen de Noardfrysktaligen noch altyd yn 'e mearderheid.
Om oan te jaan hoe't de taalferhâldings ferskoden it folgjende foarbyld. Yn it doarp Rornees (Dútsk: Rodenäs), tsjin 'e Deenske grins oan, spruts yn 1905 60% fan 'e minsken Noardfrysk, 20% Deensk en 20% Dútsk of Nederdútsk; yn 1975 wie dat feroare yn 70% Dútsk of Nederdútsk, 19% Noardfrysk en 11% Deensk. Dêrby moat opmurken wurde dat yn dat lêste jier der ûnder de minsken fan boppe de fyftich jier noch in mearderheid fan Noardfrysktaligen bestie, wylst fan 'e jongeren ûnder de tweintich jier minder as 3% it Noardfrysk noch machtich wie.
It Noardfrysk giet trouwens net allinne efterút kwa oantal sprekkers, mar ek wat syn kwaliteit oanbelanget, want it stiet ûnder tige sterke druk fan it Dútsk. Krekt troch de lytse fermiddens dêr't de ferskillende dialekten noch yn sprutsen wurde, geane de feroarings troch de Dútske ynfloed tige hurd.
Der binne hjir en dar ek wat optimistyskere ludn te hearjen: sa soe it "haaddialekt", it Mooring, troch in tanommen bewustwêzen fan de regionale identiteit troch de jongeren wer wat mear praat wurden as troch de minsken fan middelde leaftiid. Itselde wurdt seid fan de dialekten fan Föhr en Amrum (de hast identieke dialekten Fehring en Öömrang). De takomst sil útwize moatte wat derfan wier is.
It Noardfryske fêstelân waard pas Frysk doe't om 1100 hinne in nije weach fan Fryske kolonisten út it suden kaam. Men nimt faak oan dat de Deenske keningen hjirta de oanset joegen, mei't dy it troch oerstreamings en stoarmfloeden tin befolke gebiet wer bewenne hawwe woenen.
Taalkundigen kinne der gjin útspraken oer dwaan wêr't de Friezen weikamen dy't de Noardfryske eilannen kolonisearren, om't it Frysk om 800 hinne noch te min regionale dialektyske ferskillen koe. Wol giet men der fanút dat de lju dy't om 1100 hinne it Noardfryske fêstelân kolonisearren, ôfkomstich wienen út it gebiet beëasten de Lauwers, it no yn Dútslân leine East-Fryslân en de Grinzer Ommelannen.
In swiere striid fochten de Noardfriezen ek tsjin 'e see. De grutste wettersneedsrampen út 'e Noardfryske skiednis fûnen plak yn 1362 en yn 1634. By de stoarmfloed fan 1362 ferdwûn de grutte havenstêd Rungholt ûnder de weagen en dêrmei wie de mooglikheid fan in eigen ekonomysk en polityk sintrum foar Noard-Fryslân fersjoen.
By de oerstreaming fan 1634 waard Strand, doedestiids it grutste en rykste eilân fan Noard-Fryslân, fuortspield. Strand wie ek in bastion fan 'e Noardfryske taal, en it ferlies derfan wie in klap dy't it Noardfrysk nea wer te boppe kommen is. Hast trijefearn fan 'e befolking - sa'n seistûzen minsken - kaam by de oerstreaming om it libben. De oerlibjenden woenen eins net mear werom, mar se waarden troch de autoriteiten twongen om it lân wer yn te dykjen. Sadwaande ûntstienen de hjoeddeiske eilannen Pellworm en Nordstrand, dy't eins mar lytse oerbliuwsels fan Strand binne. Mar trochdat der in grut tal kolonisten út 'e Súdlike Nederlannen oanlutsen waard, wie it dêrnei mei it Noardfrysk ôfrûn op dy eilannen.
De ierst bekende tekst yn it Noardfrysk is in oersetting fan 'e kategismus fan Luther út likernôch 1600. Dat wie yn dy tiid lykwols in unikum, want it Noardfrysk wie tradysjoneel útslutend in sprektaal; skriuwen waard dien yn it Nederdútsk, it Dútsk of it Deensk. Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde ieu kaam dêr feroaring yn. Dat barde doe't de minsken ynteresse krigen yn 'e eigen taal troch de streaming fan 'e Romantyk en de ynfloed dat it wurk fan taalkundigen lykas de bruorren Grimm doe yn Dútslân hie.
Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde ieu krige it Noardfrysk as kultuertaal in nije ympuls, doe't der fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân út kontakt socht waard mei de Noardfriezen.
It duorre noch oant 1924 foar't it Noardfrysk in frijbliuwend plak yn it ûnderwiis wist te bemachtigjen, mar dochs wie dat tige ier yn ferliking mei oare Westjeropeeske minderheidstalen. Hjirby spile fansels mei dat de Dútsers de Earste Wrâldoarloch ferlern hienen en ek de ynfloed dy't de Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk útoefene.
Lykwols ûnderfûn it Noardfrysk der grutte praktyske en finansjele behinderings by, want troch de ferskillen tusken de dialekten en it ûntbrekken fan in standerttaal moast elts dialekt syn eigen learmiddels ûntwikkelje. Sa wie bygelyks it earste Noardfryske skoalboek, it Söl'ring Leesbok, in lêsboek yn it dialekt fan Söl, dat al publisearre waard yn 1909. It twadde Noardfryske skoallêsboek, yn it dialekt fan Feer en Oomram, it Ferreng-Ömreng Lesbuck, waard lykwols pas útjûn yn 1925. Dêrnei folge it Frasch Leseböck, foar guon fan 'e fêstelândialekten, yn 1926, mar it lêsboek foar it dialekt fan Hilgelân, mei de titel Van Boppen en Bedeelen, ferskynde pas yn 1937.
Hoewol't de Noardfriezen, as Germaansk folk, oars moai yn 'e rasse-ideology fan 'e nazys pasten, kamen der ûnder Hitler gjin maatregels om harren taal of kultuer te stypjen. Krekt oarsom, yn 1938 waard alle ûnderwiis yn it Noardfrysk beëinige en doe't in jier letter de Twadde Wrâldoarloch begûn, waard de oplibbing fan 'e Noardfryske taal en kultuer fan hegerhân hielendal smoard.
It eilân Hilgelân waard ekstra hurd troffen troch de oarloch en syn neisleep. Fanwegen de marinebasis op it eilân, dêr't se ûnder de oarloch in protte lêst fan hân hienen, besleaten de Alliëarden op oantrúnjen fan 'e Britten dat eilân letterlik fan 'e kaart ôf te bombardearjen, sadat it yn elts gefal nea wer troch de Dútsers as in militêre foarpost brûkt wurde kinne soe. Hoewol't it plan net slagge, mochten de nei it fêstelân deportearre Hilgelanners pas yn 1952 nei harren eilân weromkeare. Tsjin dy tiid hienen se har lykwols al foar in grut part fermingd mei oare flechtlingen, nammentlik dy út 'e eastlike gebieten. It resultaat dêrfan wie, dat yn 'e sechstiger jierren - sa't in offisjeel ûndersyk oantoande - 95% fan 'e Hilgelânske skoalbern in heit of mem hie dy't oarspronklik net fan it eilân kaam. Men kin jin wol yntinke wat dat foar it Hilgelânsk betsjutte.
In oare tebeksetter foar de aspiraasjes fan 'e Noardfriezen wie, dat de spjalting tusken nasjonalisten (feriene yn 'e Foriining for nationale Friiske - "Feriening foar Nasjonale Friezen") en loyalisten (fertsjintwurdige troch de Nordfriesische Verein - "Noardfryske Feriening"), dy't fuort nei de Earste Wrâldoarloch ûntstien wie, gewoan fuortbestie. It duorre oant 'e oprjochting fan it Nordfriisk Instituut ("Noardfrysk Ynstitút"), in soarte fan taalakademy, yn 1965, foar't de beide organisaasjes ta gearwurking wisten te kommen.
Op it front fan 'e striid foar Noardfrysk ûnderwiis wie it nei de oarloch in hoart stil, mei't ynearsten de weropbou en de opfang fan 'e flechtlingen wichtiger fûn waard. Wol waard it talitten fan it Noardfrysk as in opsjoneel lesfak yn it ûnderwiis yn 1947 fêstlein yn 'e ûnderwiiswet fan Sleeswyk-Holstein. It duorre lykwols oant 'e ein fan 'e fyftiger jierren foar't it Noardfrysk wer op likernôch tweintich doarpsskoallen, fral op 'e eilannen, ynfierd waard as lesfak. Dy ûntwikkeling berikte syn hichtepunt doe't dat ek op it gymnasium fan Wyk, op Feer, barde.
It Sölring, it dialekt fan it eilân Söl, bygelyks, hat him sa ôfwikend ûntwikkele, dat it tsjintwurdich foar de sprekkers fan 'e oare eilândialekten frijwol net mear te ferstean is. Mei't it mooglik is en stek by leech wetter it Waad tusken Feer en Oomram oer, lykje de dialekten fan dy eilannen krekt tige opinoar (sadwaande hat men it dan ek faak oer it Fering-Öömrang as ien dialekt). En it Hilgelânsk (Halunder), fan it fier fuort yn 'e Dútske Bocht leine Hilgelân stiet frjemdernôch folle tichter by it Fering-Öömrang as it Sölring.
Troch de ûnderlinge ferskillen tusken de dialekten hienen yn ferline de Noardfrysksprekkers ek nea kontakt yn 'e eigen taal mei de sprekkers fan in oar dialekt, hoewol't dat, benammen op it fêstelân, wol kinnen hie. Ynstee dêrfan sprutsen se mei oare Noardfriezen yn it Nederdútsk. Ek tsjintwurdich is dat noch fierhinne de omgongstaal yn Noard-Fryslân.
De eigen nammen fan 'e fêstelândialekten (bygelyks Friisk, Frasch, Freesk, Fräisch) binne basearre op it konsept "Frysk", wylst de eilândialekten neamd binne nei it eilân dêr't se sprutsen wurde: Sölring op Söl; Öömrang op Oomram; Fering op Feer; en Halunder op Hilgelân. Troch harren relative isolaasje op it Waad en harren hegere maatskiplike status steane de eilândialekten, dy't noch sprutsen wurde troch yn totaal sa'n 7.000 minsken, der oer it algemien better foar as de fêstelândialekten, dy't mei-inoar mar sa'n 3.000 sprekkers hawwe. It dialekt mei de measte sprekkers is it eilândialekt fan Feer, it Fering, dat noch troch sa'n 3.000 minsken sprutsen wurdt. Feer hat sa'n 11.000 bewenners en men kin stelle dat likernôch in trêde part dêrfan Fering sprekt of ferstean kin.
De selsstannigens fan 'e dialekten is tekenjend foar de sitewaasje fan it Noardfrysk. Sa hawwe de measte dialekten, fral dy fan 'e eilannen, in eigen ynfrastruktuer opboud, dy't wantrouwend bewekke wurdt troch de lokale taalferienings, lykas de Sölring Foriining op Söl; de Fering Stiftung op Feer; en de Öömrang Ferian op Oomram.
Fan 'e njoggen noch libjende haaddialekten hearre der trije ta de eilângroep: it Hilgelânsk fan Hilgelân, it Sölring fan Söl, en it Fering-Öömrang fan Feer en Oomram. Datlêste dialekt kin wer ûnderferdield wurde yn fjouwer subdialekten: it Öömrang, it Westerlân-Fering, it Súd-Fering en it Easterlân-Fering. Op it fêstelân binne de haaddialekten (fan noard nei súd): it Wiiringhiirder, tusken de Deenske grins en Emmelsbüll; it Böökinghiirder, tusken Niebüll en Fahretoft; it Karhiirder, om Stedesand hinne; it Noarder-Goeshiirder, tusken Bargum en Bredstedt; en it Middel-Goeshiirder, tusken Bredstedt en Bomstedt.
It útstoarne Suder-Goeshiirder waard noch wer besuden dêrfan sprutsen, om Hattstedt en Schobüll hinne. Yn Schöbull stoar it al yn 'e jierren sechstich út, yn Hattstedt yn 1981. De Nordfriesische Wörterbuchstelle (it "Noardfrysk Wurdboekynstituut") besiket no dit dialekt te rekonstruëarjen, troch gebrûk te meitsjen fan âlde bânopnames út 'e jierren fyftich, sechstich en santich.
Fierders hat it Böökinghiirder yn syn eastlike gebiet twa frij sterk ôfwikende subdialekten, it West-Mooringer en it East-Mooringer, dy't tradysjoneel net meiteld wurde as selsstannige dialekten. It West-Mooringer wurdt om Niebüll hinne sprutsen en it East-Mooringer om Risem-Looham hinne. Op 'e lytse Halligen-eilannen Langeness, Oland, Gröde, Habel en Hooge, besuden Feer, wurdt ta ein beslút noch it Hallichfrysk sprutsen, dat ek ta de fêstelângroep rekkene wurdt, dêr't it nammentlik folle mear mei gemien hat as mei de oare dialekten fan 'e oare eilannen.
Troch de gearwurking fan 'e lêste tritich jier binne der lykwols al guon basisôfspraken oangeande de stavering makke. Sa wurde der yn it Noardfrysk guon lûden mei diakrityske tekens brûkt ("ä", "å", "ö" en "ü") en wurde lange lûden werjûn troch ferdûbeling fan 'e oangeande letter ("aa", "ää", "åå", "ee", "ii", "oo", "öö", "uu", "üü"). En de Dútske Großschreibung, it gebrûk om haadwurden mei in haadletter te begjinnen, is yn it Noardfrysk ôfskaft.
It Noardfrysk beskikt rûchwei oer itselde ferskaat oan lûden as it Westerlauwersk Frysk, mar de stavering fan dy klanken is oernommen fan it Dútsk en it Deensk. Ut it Dútsk komme de letters "ä" (de "e" fan "lek), "ö" ("u"fan "put") en "ü" ("ú") en út it Deensk komt de "å" (de "o" fan "hok"). Sadwaande wurdt de "ää" dus útsprutsen as "ê", de "åå" as "ô", de "öö" as "eu" en "äi" as "ij".
Hjoed de dei wurkje de NFV en de Foriining ienriedich mei-inoar gear om 'e Noardfryske taal en kultuer te behâlden en te beskermjen. Dy gearwurking fynt plak yn 'e Frasche Redj of Freeske Räid ("Noardfryske Rie"), dy't residearret yn Risem-Loonham. Fan 'e leden fan dy rie wurde der fjouwer foardroegen troch de NFV, twa troch de Foriining en ien elk troch de Feriening fan it Noardfrysk Ynstitút, de gemeente Hilgelân en de Heimatbund Landschaft Eiderstedt ("Streekferiening Lânskip Eiderstedt").
Dy Frasche Redj foarmet tagelyk de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Rie, dêr't kontakten yn ûnderholden wurde mei de Westerlauwerske Friezen yn Nederlân en de Eastfriezen en de Sealterfriezen yn Nedersaksen. Ek is de Frasche Redj de fertsjintwurdiging fan 'e Noardfriezen foar alle kommunikaasje mei it regear fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân, de dielsteat Sleeswyk-Holstein, de Kreis Noard-Fryslân en legere, gemeentlike oerheden. Dêrtroch is er ferantwurdlik foar de ferdieling fan 'e subsydzjes foar de Noardfryske taal en kultuer. Fierders ûnderhâldt de Frasche Redj sûnt 1994 kontakten mei de oare autochtoane minderheden yn Dútslân, te witten de Denen, Sealterfriezen, Nederdútsers, Sorben, Sinty en Roma.
Wat de kommunikaasje mei de lokale oerheden oangiet, dy fynt mar yn in tige lyts persintaazje fan 'e gefallen yn it Noardfrysk plak. Wannear't dat bart, is it altyd yn in mûnling ûnderhâld, nea yn skriftlik kontakt. Mei't it Noardfrysk gjin offisjele status hat, wurdt it net tastien yn offisjele dokuminten of by rjochtssaken. Yn ien gefal waarden ferieningsstatuten yn it Noardfrysk troch in rjochter akseptearre nei't der in Dútske oersetting oan tafoege wie.
Op it front fan 'e plak- en strjitnammen sit der de lêste jierren wol wat beweging yn. Sa binne sûnt 1998 twatalich Dútsk-Noardfryske plaknammebuorden mooglik, wylst men yn guon plakken yn Noard-Fryslân koartby Noardfrysktalige strjitnammen ynfierd hat. Noardfryske hûsnammen binne al lang tige populêr, benammen op 'e eilannen.
Sûnt 1988 bestiet it Gremium für Fragen der friesischen Bevölkerungsgruppe im Lande Schleswig-Holstein ("Kommisje foar Fraachstikken fan 'e Fryske Befolkingsgroep yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein") en sûnt 1991 hat de steatsbegrutting fan Sleeswyk-Holstein in post foar stipe oan 'e Noardfryske taal en kultuer. Ek bestiet der sûnt 2005 in kontaktkomitee foar de Noardfriezen mei de Dútske Bûnsdei.
Lykwols is de foarútgong fan 'e lêste desennia opmerklik. Foar de jongste bern binne der sûnt 1991 guon Noardfrysktalige beukerskoallen, benammen op 'e eilannen Söl, Feer en Oomram, dy't sa'n hûndert bern betsjinje kinne. Op 'e basisskoallen mei twa oeren yn 'e wike les jûn wurde yn it Noardfrysk. Dêr wurdt benammen wer gebrûk fan makke op 'e eilannen. Likernôch tûzen skoalbern krije yn 'e wike ien of twa oeren Noardfryske taalles.
Yn Risem-Loonham hat de Friisk Foriining in folslein Noardfrysktalige basisskoalle oprjochte. De finansiering dêrfan bard troch in mesk yn 'e wet, want de skoalle is offisjeel Deensktalich, sadat er ûnder de minderheidswetjouwing fan 'e Denen falt.
Op 'e middelbere skoallen wurdt it Noardfrysk mar yn inkelde gefallen as lesfak oanbean. Op 'e nij binne dat fral skoallen op 'e eilannen, benammen op Feer. Net mear as in twahûndert learlingen oan 'e middelbere skoallen krije jiers les yn it Noardfrysk.
Sûnt 1950 is ek al de saneamde Nordfriesische Wörterbuchstelle (it "Noardfryske Wurdboekynstitút") oan dy universiteit fêstige. Dy Nordfriesische Wörterbuchstelle waard oprjochte mei de bedoeling om úteinlik te kommen ta ien grut, alomfetsjend wurdboek fan alle Noardfryske dialekten. Troch praktyske swierrichheden en brekme oan jild is it der oant hjoed de dei ta net fan kommen om sa'n Gesamtnordfriesisches Wörterbuch gear te stallen. Al it ynsammele materiaal hoecht lykwols net lizzen te bliuwen; it idee is no om alles yn 'e kompjûter yn te fieren en der in soarte fan tesaurus fan 'e Noardfryske dialekten fan te meitsjen. Soks soe in goede útgongsbasis jaan foar in eventueel noch te publisearjen wurdboek, mar ek foar bygelyks taalkundich ûndersyk en it ûntwikkeljen fan nije learmiddels.
De learstoel Noardfryske taal- en letterkunde oan 'e Bildungswissenschaftliche Hochschule Flensburg, Universität ("Opliedings- en Wittenskiplike Hegeskoalle Flensboarch, Universiteit") bestiet sûnt 1988. Flensboarch is it iennichste plak dêr't behalven leararen foar de middelbere skoallen ek ûnderwizers foar de basisskoallen oplaat wurde kinne. Yn 1996 waard it Noardfrysk yn Flensboarch as haadfak ôfskaft en koe it yn it ferfolch allinne noch mar as byfak folge wurde. Mar nei felle protesten út sawol Dútslân as Nederlân waard dat beslút yn 2000 weromdraaid. Sûnt genietet it Noardfrysk as universitêre oplieding yn Flensboarch grutte belangstelling, sterker noch, it oantal studinten Noardfrysk hat noch nea sa heech west. Yn 2001 wienen der acht studinten dy't it Noardfrysk as haadfak hienen en likernôch fyftich dy't it as byfak folgen.
Behalven yn it regulier ûnderwiis kinne ek yn it folwoeksenenûnderwiis opliedings Noardfrysk folge wurde. Jiers folgje sa'n hûndert folwoeksenen de Noardfryske kursussen oangeande taal, kultuer en skiednis dy't fersoarge wurde troch de NFVen de Friisk Foriining.
Wat tydskriften oanbelanget, wurdt allinne it ûnregelmjittich ferskinende blêd fan 'e Friisk Foriining, Seusen euine Wüi ("Us eigen Wei"), hielendal yn it Noardfrysk skreaun. It ek ûnregelmjittich ferskinende blêd fan 'e jongereinôfdieling fan it Noardfrysk Ynstitút, Frisica Nova, ferskynt foar de helte yn it Noardfrysk, wylst de fearnsjierblêden Nordfriesland ("Noard-Fryslân") en de Helgoländer ("Hilgelanner") foar 10 oant 15% út Noardfrysktalich materiaal besteane.
Op 'e Dútske radiostjoerder NDR (Norddeutsche Rundfunk - "Noarddútske Omrop") wurdt trije en in heale menút yn 'e wike yn it Noardfrysk útstjoerd. No betsjinnet de NDR hiele Noard-Dútslân, fan 'e Nederlânske oant 'e Poalske grins, dat sa nuver is dy lytse belangstelling foar it Noardfrysk net. Lokale radiostasjons binne yn Dútslân wetlik net tastien en hoewol't de Noardfriezen mei harren Ferian för en Nuardfresk Radio ("Feriening foar in Noardfryske Radio") lobbye foar in útsûndering yn harren gefal, hat dat oant no ta noch neat opsmiten. Op 'e regionale tillevyzjestjoerder NDR, dy't ek hiele Noard-Dútslân betsjinnet, wurdt hielendal gjin Noardfrysk útstjoerd.
Ek binne der noch sa'n acht Noardfrysktalige toanielferienings, dy't tige populêr binne. Fierders binne der folkloristyske dûns- en klaaiïngsferienings en guon Noardfrysktalige koaren. Fan sommige fan dy koaren binne cd's beskikber, krekt as fan inkelde oare artysten, lykas it Dragseth Duo en de folkssanger Knut Kiesewetter.
Koartlyn is de earste Noardfrysktalige film, in dokumintêre mei de titel "Klaar Kiming", produsearre troch de Friisk Foriining. Der is foar soarge dat dizze in oere duorjende produksje mei Dútske, Ingelske en Deenske ûndertitels te krijen is.
Talen | Frysk | Noardfrysk
Nordfrisisk (sprog) | Nordfriesische Sprache | North Frisian language | Frisone settentrionale | Noordfries | Noord-Fries
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Noardfrysk".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world