article

Lânkaart_lokaasje_noardfrysk.GIF Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland, Deensk: Nordfrisland) is in distrikt (Kreis) yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

It gebiet leit tsjin de Deenske grins oan. It opperflak beslacht 2.050 km². Der wennen yn 2002 165.795 minsken. It haadplak is Husum (Noardfrysk: Hüsem).

Oare gebieden dy't ek ta Noard-Fryslân hearre:

Skiednis


Sa om it jier 700 hinne hawwe Friezen de Noardfryske eilannen kolonisearre. It is net wis wêr't hja krekt weikamen, mar der wurdt oannaam dat dizze earste weach ferbân hie mei de kriich tusken Franken en Friezen. De twadde weach hat om it jier 1100 hinne plak hân; dy groep, út Easterlauwersk Fryslân, hat him op it fêstelân fêstige. Oant 1864 hearde Noard-Fryslân ûnder de Deenske Kroan.

Talen


Noard-Fryslân is hjoed de dei noch hieltyd in meartalich gebiet mei fjouwer offisjele talen: Dútsk, Noardfrysk (Friisk of Frasch), Deensk en Nederdútsk. It Nederdútsk jildt as streektaal, it Noardfrysk en Deensk binne as minderheidstalen erkind. It oant yn de 19e ieu dominante Noardfrysk wurdt no noch troch san 10.000 minsken sprutsen, yn njoggen ferskate dialekten. Fierder wurdt der yn Noard-Fryslân ek noch Jutsk sprutsen.

De Noardfryske namme is Nordfraschlönj as koartsein Fraschlönj, de Deenske namme is Nordfrisland en de Nederdútske is No(o)rdfreesland.

Fryske Beweging


Yn Noard-Fryslân is der lykas yn Westerlauwersk Fryslân in libbende Fryske beweging. Der is in dakorganisaasje, Friesenrat sektion Nord mei derûnder ferskate oansletten organisaasjes. De twa wichtigste binne:

Stêden en gemeenten


  1. Bräist
  2. Friedrichstadt
  3. Garding
  4. Hüsum
  5. Naibel
  6. Tönning
  7. Westerlân
  8. Wyk
||
  1. Amrum
  2. Bökingharde
  3. Bredstedt-Lân
  4. Eiderstedt
  5. Föhr-Lân
  6. Friedrichstadt
  7. Hattstedt
  8. Karrharde
  9. Nordstrand
  10. Pellworm
  11. Stollberg
  12. Süderlügum
  13. Sylt
  14. Treene
  15. Viöl
  16. Wiedingharde
||
  1. Leck
  2. List
  3. Reußenköge
  4. Sankt Peter-Ording
Stêden Amten Frije gemeenten

Eksterne ferwizings


Nordfrisland | Kreis Nordfriesland | Nordfriesland | Powiat Nordfriesland

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Noard-Fryslân".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld