Muorrekeatsen is in foarm fan keatsen wêrby't in bal mei de hân of de fûst, sûnder earst de grûn te reitsjen, tsjin in muorre slein wurde moat. Doel is om de bal sa te slaan dat de tsjinstander de bal dêrnei net jildich retoernearje kin. Muorrekeatsen wurdt sawol binnen- as bûtendoar spile.
Der binne yn it muorrekeatsen ferskate farianten. De meast-spile dêrfan, binne de farianten dy't ûntliend binne oan it tradisjonele Ierske "one-wall handball". Yn Frankryk, mar benammen ek yn Spanje en Itaalje besteane in tal farianten dy't in mjuks binne fan it muorrekeatsen en it plein- en fjildkeatsen. By de farianten dy't tsjintwurdich yn Amearika spile wurde, wêrby't ôfhinklik fan de akkommodaasje ien, trije of fjouwer muorren brûkt wurde, binne de banen lytser (40x20 foet) as earder it gefal wie (60x30 foet). Ek yn Ierlân binne de lytsere banen om finansjele redenen mear en mear yn swang rekke. By it muorrekeatsen wurde tsjintwurdich rubberen ballen brûkt.
Muorrekeatsen mei ien muorre
mkbaan.png
Akkommodaasje
De frontmuorre is 6,10 meter breed en 4,785 meter heech. It spylfjild is lykas de muorre 6,10 meter breed, en is 10,35 meter lang. Der wurdt spile op in hurde ûndergrûn. Behalve de sydlinen en de efterline wurdt, parallel oan de muorre, op 4,785 fan de muorre in line oanbrocht, dy't de koarte line neamd wurdt. Healwei de efterline en de koarte line wurdt de opslachmarkearing oanbrocht yn de foarm fan in ûnderbrutsen line.
De romte tusken de koarte line en de opslach-markearing wurdt de opslachsône neamd. De romte tusken de koarte line en de efterline is de perksône.
Spulregels
Muorrekeatsen wurdt gewoanwei ien-tsjin-ien of twa-tsjin-twa spile. It is de bedoeling de bal mei de hân of fûst fanút de opslachsône fia de muorre yn de perksône te bringen. De tsjinpartij moat dan besykje de bal fóar de twadde stuit op 'e nij tsjin de muorre te slaan, wêrnei't de bal wer yn it spylfjild stuitsje moat. En sa fierder. As ien fan beide partijen der net yn slagget in jildige bal te slaan, krijt de tsjinstanner in punt.
De opslach
Oars as by it Frysk spul, is it ferplichte stilsteand op te slaan. De bal wurdt mei de hân of fûst opslein neidat de opslagger de bal yn de opslachsône stuitsje litten hat. Neidat de bal slein is moat er fia de muorre werom komme yn de perksône (spylfjild éfter de koarte line). De opslagger mei pas fan syn plak komme, as de bal fan de muorre werom komt en de koarte line foarby is. As de opslagger it punt ferliest giet de opslach oer nei de tsjinpartij.
De opslach by it dûbeljen
De opslach ferrint gelyk as by ien-tsjin-ien mei in pear oanfollingen. Foar de wedstriid moat in dûbel-partoer oanjaan wa't foarbêst opslacht. Yn in opslachbeurt fan dat partoer begjint de foarbêst opslagger de hiele wedstriid as earste mei de opslach yn in opslachbeurt. As de foarbêst opslagger in punt ferliest, dan nimt de foarminst de opslach oer. As dy ek in punt ferliest, dan giet de opslach nei de tsjinpartij.
De posysje fan de maat fan de opslagger
As der opslein wurdt by it dûbeljen, dan moat de maat fan de opslagger him bûten it spylfjild opstelle mei ien foet links en ien foet rjochts fan de opslachmarkearing. Hy mei it fjild pas ynkomme as de opsleine bal, fan de muorre weromkommend, him foarby is.
De earste retoerslach
De ûntfangende party moat him yn de perksône opstelle en mei dêr net útkomme foardat in opsleine bal fan de muorre weromkommend, de koarte line foarby is. De ûntfanger mei de bal yn'e flecht of nei ien stuit werom slaan. As er de bal yn'e flecht werom slacht, dan mei lykwols op it stuit dat er de bal slacht gjin inkel part fan de spiler boppe of oer de koarte line wêze.
De telling
Der wurdt, lykas tsjintwurdich by
follybal, telt neffens it
rellypuntsysteem (rps). Yn Amearika wurdt noch spile neffens it systeem dat allinne de opslaande partij punten skoare kin. Der moatte twa earsten wûn wurde om in wedstriid te winnen. In earst rint oant 35 punten mar der moatte wol twa punten ferskil wêze. As ien fan beide 40 punten hellet hat dy it earst wûn, ek al is der mar ien punt ferskil. In tredde earst rint oant 15 punten (2 ferskil, 20 is út).
De tos
By ien-tsjin-ien: De spiler dy't de tos wint, begjint as earste mei de opslach yn it earste earst. De oare spiler begjint yn it twadde earst mei de opslach. As der in tredde, beslissend earst nedich is, dan begjint dy spiler mei de opslach, dy't yn de earste twa earsten de measte punten makke hat. As beide spilers yn de earste beide earsten likefolle punten makke hawwe, dan wurdt der opnij tost om út te meitsjen wa't as earste opslaan mei.
By it dûbeljen mei it partoer dat de tos wint yn de earste set beslisse as se begjinne wolle mei opslaan of earst ûntfange wolle. Yn de twadde set beslist it partoer dat de earste set ferlern hat of se begjinne wolle mei opslaan of dat oan de tsjinpartij oerlitte. As der in tredde set nedich is, dan is de kar oan it partoer dat yn de earste beide earsten de measte punten helle hat. Hawwe beide partoeren likefolle punten helle, dan komt der in nije tos om út te meitsjen hokker partoer de kar hat.
Wichtige wedstriden en bekende spilers
De iepen kampioenskippen fan de
USHA (
United States Handball Association) is it jierlikse hichtepunt op de wedstriidaginda. De wedstriid wurdt yn ferskate klassen hâlden:
- De ien, trije en fjouwer muorre farianten;
- Foar manlju, froulju en jongerein;
- Ien-tsjin-ien en dûbeljen.
Sûnt 1980 waard dit barren hast 25 jier yn de klassike ienmuorre fariant by it ien-tsjin-ien oerhearske troch Joe Durso. Hy wûn mar leafst 9 kear, wie 4 kear ferliezend finalist en helle boppedat nochris 5 kear de heale finale. By it dûbeljen wûn hy tegearre mei Albert Apuzzi 6 kear de haadpriis en ien kear mei Yuber (Pee Wee) Castro. Durso is noch altyd aktyf.
Sjoch ek:
Oersjoch siden oer it keatsen
Ekterne ferwizings
Sporten |
Keatsen
American handball | American Handball | Amerikaans handbal