article

Londen (Ingelsk: London) is de haadstêd fan Grut-Brittanje en ek fan Ingelân. London leit yn it súdeasten fan Ingelân oan de Teems, 80 km. fan de Noardsee.

Skiednis


Londen waard yn 43 stifte troch de Romeinen as Londinium, op in plak oan de naordkant fan de Teems, dêr't nei alle gedachten noch âldere Keltyske bewenning wie, mar yn 61 waard it ferwoeste troch de Britten. It waard op é nij opboud, en dêr't it oarspronklik in wacht- en hannelspost by in furde wie waard yn de 2e ieu de earste brêge fan London boud. Londinium waard ien fan de grutste plakken yn it Romeinske ryk, mar nei dy tiid rûn de stêd werom oan't der hast net ien mear libbe. Nei't Eatelbert fan Kent yn Londen in katedraal stifte woeks de stêd wer, De ynwenners krigen of koften yn de rin fan de tiid ferskate privileezjes fan de keningen, dêr't de stêd hieltiid machtiger troch waard, en hieltiid hurder woeks. Yn de 12e ieu waard London dan ek de haadstêd fan Ingelân. Yn 1348 ferstoar in trêde fan de befolking oan de Swarte Dea, yn 1665 ferstoaren 70.000 msinken oan de pest; yn 1666 waard mear as de helte fan de stêd delbaarne, en yn 1940 en 1941 is de stêd slim bombardearre wurden. Dochs is Londen hieltiid grutter wurden. Fan 1825 oant 1925 wie it de grutste stêd fan de wrâld, en ek no is it noch ien fan de grutste.

Ferbinings


Londen hat altyd it plak west dêr't in wei it wetter fan de Teems krúste. Om't de Teems oant Londen altyd maklik farber west hat, hawwe him yn Londen grutte havengebieten ûntwikkele. Der wienen ek lytsere rivierkes yn dy omkriten, mar mei it grutter wurden fan Londen binne dy allegear troch piipen yn de grûn laat. Yn stee dêrfan is der in kanaalstelsel, wat Londen ferbinet mei oare rivieren. Londen hat ek in grut netwurk fan wegen om de stêd tagonklik te meitsjen, mar dêrtroch rekket de binnenstêd oerbelêst. Der binne ferskate maatregels naam om dit tsjin te gean. Faaks de ferneamste, en doelmjittigste, is de Undergrûnske. Under de stêd leit in netwurk fan spoaren dy't minsken ta en út it sentrum bringe moatte. Foar ferbinings mei de rest fan de wrâld hat njonken Heathrow noch trije fleanfjilden, en oare fleanfjilden lizze oan it spoar sa't se ek maklik in part fan it fleanferkear foar Londen opnimme kinne.

Untwikkeling ynwennertal


Likernôch:

Londen | London | Londres | Lunden | لندن | Londres | Лёндан | Лондон | Londrez | London | Londres | Londýn | Llundain | London | London | Λονδίνο | London | Londono | Londres | London | Londres | Lontoo | London | Londres | Londres | Londain | Lunnainn | Londres - London | લંડન | 런던 | לונדון | लंदन | London | London | London | London | לאנדאן | London (Anglia) | London | Londra | ロンドン | ლონდონი | London | Loundres | Londinium | London | Londe | Londoni | Londonas | Londona | Лондон | London | London | Londen | London | London | Londres | Londyn | Londres | Londra | Лондон | Londra | Lunnon | London | London | Londýn | London | Londra | Лондон | London | இலண்டன் | ลอนดอน | Londra | London | لوندون | Лондон | Luân Đôn | London | 伦敦 | London | 倫敦

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Londen".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld