De Limmerik is in dichtfoarm mei 5 rigels, en mei in fêst metrum en rymskema. Yn de earste rigel wurdt in persoan of bist neamd en wurdt in plaknamme of in oare geografyske oantsjutting as rymwurd brûkt. De oare fjouwer rigels omskriuwe in situaasje fan dy persoan, en de reaksje dêrop. Faak binne dy omskriuwingen dûbelsinnich, somtiden geane se frij fier.
It soe kinne dat de leden fan de Ierske Brigade, doe't se yn de 18e ieu út Frankryk werom kamen, sa'n liet songen oer de prestaasjes fan elts fan harren. It kûplet hat dan sa'n foarm hân as it gedicht no hat, en it refrein wie soks as "Will you come up to Limerick?" (twaris). Dat lêste past yndie op it "la-la"-refrein sa't it hjoed de dei by Limmeriks songen wurdt.
| Rymskema | Metrum |
|---|---|
| A | ∪∪—∪∪—∪∪—∪ |
| A | ∪∪—∪∪—∪∪—∪ |
| B | ∪∪—∪∪— |
| B | ∪∪—∪∪— |
| A | ∪∪—∪∪—∪∪—∪ |
Limerick (Gedicht) | Limerick (poetry) | Limeriko | חמשיר | Limerick (dichtvorm) | Limeryk | Limericks
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Limmerik".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world