article

De Ljip (Vanellus vanellus) is in fûgelsoarte besibbe oan de Wilsters. Yn Fryslân stiet de Ljip bekend as greidefûgel. De Ljip komt foar yn hiel Euraasje. Njonken de yn Fryslân bekende Ljip binne der noch sa'n 24 oare soarten Ljippen, wêrfan guon tige seldsum binne.

Oare nammen


De Ljip wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Leep, Lip, Liip, Lyp of Kivyt.

Biotoop


De Ljip hat in foarkar foar sompige grûn. De djipûntwettering hat der foar soarge dat de Ljip yn Fryslân in grut part fan syn biotoop ferlern hat. De Ljip giet de winter út de wei. Fan septimber ôf lûke de ljippen dy't hjir bred hawwe fuort nei Ingelân, Ierlân, Frankryk en sels nei Afrika. De ljippen dy't hjir mei sêft winterwaar foarkomme, briede meast yn Skandinavyske kontreien.

Aaien en aaisykjen


De 2 oant 4 aaien wurde yn in kûltsje yn de grûn lein. Yn Fryslân is der in tradysje om it earst fûne ljipaai oan te bieden oan de Kommissaris fan de Keninginne en earder oan de Keninginne sels. Yn 2005 is foar it earst ferbean om aaien te sykjen en mei te nimmen.

Ferwizings


Fûgelsoarte

Обикновена калугерица | Čejka chocholatá | Cornchwiglen | Vibe | Kiebitz (Art) | Northern Lapwing | Töyhtöhyyppä | Vanneau huppé | Avefría | Vanellus vanellus | タゲリ | პრანწია | Pempė | Kiewitt | Kievit | Czajka | Cíbik chochlatý | Tofsvipa | Чайка

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Ljip".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld