De Lauwers is de grinsrivier tusken Fryslân en Grinslân, en ek de foartsetting dêrfan yn de foarm fan it seegat tusken Skiermuontseach en Rottum.
Bopperin
Tsjintwurdich leit de boarne fan de Lauwers yn it
leechfean súdeastlik fan
Surhústerfean. Foar it ôfgraven fan it
heechfean lei de boarne lykwols in stik súdliker, yn it gebiet tusken de doetiidse
gritenij Smellingerlân en it
Westergoa.
Fan de bopperin fan de Lauwers is net mear oer as in foege sleat. De Lauwers wurdt by Strobos krúst troch it Prinsesse Margrietkanaal krúst, en noardliker troch it spoar fan Ljouwert nei Grins.
Underrin
Benoarden it spoar, komt de
Aldfeart, dy't likernôch deselde kant út rint, yn de Lauwers út, en dêrmei krijt de Lauwers it oansjen fan in rivier. Nei't de rivier
Fisfliet foarby rint, split er benoarden fan dat plak yn twa earms. De westlike earm, de
Alde Lauwers, is de oarspronklike rin fan de rivier. De eastlike, it
Syldjip is in kanalisearring oanlein troch de muontsen fan it
kleaster Jerusalem. Foarby Petersyl komme de earms wer by elkoar. Fan dêr rint de rivier nei it noarden nei Muntsjesyl.
Utrin
By Muntsjesyl rûn de Lauwers earder yn de
Lauwerssee. Mei it oanwinnen fan nij lân kaam der lykwols ferlet fan in nij syl, de
Bûtensyl. Hjirfoarby rint de
Muntjesylster Ryd nei it noardeasten, oant dy by it
Reitdjip komt. Foar it ôfsluten fan it Reiddjip rûnen de riden njonken elkoar nei it noarden, oant de Lauwers yn de omkriten fan de
Griene Plaat útkaam yn it Reitdjip. Hjoeddedei wurde se fierder laat nei it noardwesten, en komt de Muntsjesylster Ryd fia de Fryske Slûs út yn de
Sâltkamper Ril. Fia de Lauwersmar en de
Lauwersslûzen hat de Lauwers in ferbining mei de
Waadsee, en fan dêr fia it
Sâltkamper Leech troch it
Fryske Gat mei de
Noardsee.
De mûning fan de Lauwers lei earder mear nei it noardwesten. Neffens guon boarnen soe de Lauwers oant likernôch 1300 fia de Lauwerssee lâns de eastkant fan Skiermuontseach (op it plak dêr’t tsjintwurdich it doarp leit) yn de Noardsee útkommen wêze. Yn de 17e ieu wienen it eilân en it seegat al sa fier opskoot dat it wetter doe oan beide kanten by it eilân lâns gong, en yn de 20e ieu is de ferbining mei it eastlik seegat ferdwûn. Ek sûnder dy ferbining hjit lykwols it seegat tusken Skiermuontseach en Rottum noch "Lauwerts".
Grins
De Lauwers is al ieuen de grins tusken
Fryslân en
Grinslân. Ek fan de grins dy't yn de
Lex Frisionum neamt wurdt meast oannaam dat dy de Lauwers oantsjut. Fanwegen de opdieling fan it Fryske gebiet oer dizze line, wurdt de provinsje Fryslân wol oantsjut as
Westerlauwersk Fryslân, en de taal dy't dêr sprutsen wurdt as
Westerlauwersk Frysk. De grins rint ek troch it seegat; it formele ferrin fan de grins moat derby oanpast wurde oan
it wanneljen fan de eilannen.
Wetter yn Fryslân | Lauwers | Lauwers