In kompjûter is in apparaat dat neffens in programma gegevens ferarbeidet. De measte kompjûters binne digitaal, mar der binne ek analoge kompjûters.
De programma's foar de Z3 waarden ynfierd fia in soarte fan pûnsbân, wylst dat by de ENIAC gong troch it op 'e nij lizzen fan in part fan de betriedding. Lettere kompjûters hienen pûnsbân-ynfier, doe kamen de pûnskaart, de magneetbân en de magnetyske skiif. Dy magneetbannen hienen romte foar mear as ien programma of triem, en op hjoeddeiske fêste skiven stean gauris tûzenen triemmen.
Der waarden al gau skriuwmasine-eftige systemen brûkt, om de gegevens op dy bannen te krije en foar útfier op papier. Yn de fyftiger jierren waard mei eltse kompjûter direkt ien taastboerd-drukker ferbûn, foar de systeembehearder. Yn de sechtiger jierren waard der net mear op papier útfierd, mar nei in byldskerm. Dizze kombinaasje fan in byldskerm mei in toetseboerd wurdt hieltiid noch brûkt.
Mei it goedkeaper wurden fan de byldskermen kamen dêr ek komputerspultsjes by, en mei it better wurden fan de byldskermen kamen der ek byldbewurkings-tapassings. Yntusken binne kompjûters ynboud yn in protte "yntelliginte" apparaten, en no't hieltiid mear kompjûters troch it ynternet ferbûn binne, wurde kompjûters mear en mear brûkt foar kommunikaasje, it finen fan ynformaasje, en it skriuwen fan in ensyklopedy.
Rekenaar | حاسوب | Computadora | Компютър | গণকযন্ত্র (কমপিউটার) | Urzhiataer | Ordinador | Počítač | Cyfrifiadur | Computer | Computer | Computer | Komputilo | Computadora | Arvuti | رایانه | Tietokone | Telda | Ordinateur | Coimpiutaireachd | Ordenador | מחשב | संगणक | Számítógép | Computator | Komputer | Tölva | Computer | ᖃᕋᓴᐅᔭᖅ | コンピュータ | 컴퓨터 | Kompûter | Computatrum | Computer | Computer | Kompiuteris | Datori | Mpikajy | കംപ്യുട്ടര് | Komputer | Datamaskin | Reekner | Computer | Datamaskin | Béésh bee ak'e'elchíhí t'áá bí nitsékeesígíí | Komputer | Computador | Computer | Компьютер | Computer | Računalnik | Kompjuteri | Рачунар | Dator | คอมพิวเตอร์ | Bilgisayar | Комп'ютер | Máy tính | קאָמפּיוטערס | 计算机
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Kompjûter".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world