article

Map NL Kollumerlân Kollumersweach.png fan Kollumersweach]] Kollumersweach (ek wol koartwei De Sweach neamd) is ien fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. It is mei goed 3100 ynwenners yn grutte it twadde doarp fan de gemeente.

Kollumersweach is in saneamd lintdoarp. De measte bebouwing leit oan de Foarwei tusken Feankleaster en De Westerein.

Skiednis


Yn 1443 wurdt it doarp Swaech foar it earst neamd yn in offisjele akte. De namme betsjut greide. It destiidse doarp wie tige útstrekt en omfieme it tsjintwurdige Sweagerbosk, De Westerein en it westlik part fan it hjoeddeistige Kollumersweach Nei 1543 kaam de tsjintwurdige namme yn swang. Sweagerbosk is fan 1880 ôf in selsstannich doarp.

Tsjerke


It sintrum fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy't yn in slinger oan de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealtektoer datearje út de 12 ieu. It koar is yn de 15e ieu fernijd. Der binne doe nije finsters oanbrocht.

Kollumerlân | Kollumerzwaag

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Kollumersweach".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld