Kneppelfreed wie 16 novimber 1951, doe't der op it Saailân yn Ljouwert in opskuor plakfûn. Mei alles dat deromhinne foarfallen is, hat dy dei in net ûnbelangrike rol spile yn 'e striid foar de emansipaasje fan 'e Fryske taal en der úteinlik ta laat dat it Frysk yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status krige.
Nea hie dizze rjochtsaak safolle oandacht krigen as de rjochter, mr. S.R. Wolthers, de oanklagen net ferbean hie om yn 'e rjochtseal Frysk te sprekken en Van der Hoek net bespot hie doe't dy dat dochs die. Wolters útspraak "U bent toch op school geweest? U spreekt toch Nederlands?" (Jo hawwe dochs op skoalle west? Jo sprekke dochs Nederlânsk?) hie úteinlik mear gefolchen dan syn fûnis, skuldich sûnder oplizzing fan straf.
Nei de rjochtsaak fûn der in skerpe útwikseling fan stânpunten plak yn 'e Hearrenfeanske Koerier, tusken Wolthers, fia ynstjoerde brieven, en Fedde Schurer, dy't doedestiids haadredakteur fan dy krante wie. Dit foarfal lei it fûnemint foar wat der in pear jier letter barde.
Wolthers, dy 't al jierren yn Fryslân wenne en it Frysk al ferstean koe, woe dochs fan de beklage dat er Nederlânsk prate en frege him at er as studearre man gjin Nederlânsk koe. Van der Burg gong troch yn it Frysk en fierde oan dat immen dy't yn Fryslân terjochte stie, syn eigen taal brûke meie moatte soe. Dêrop gong de rjochter derta oer de sitting op te skowen, om him derop te berieden, at der in tolk komme moast. De beklage waard oplein te wachtsjen oant dat berie plakfûn hie en dêrnei wer op 'e rjochtsitting te ferskinen.
Doe't de sitting wer iepene waard, waard oan 'e beklage meidield dat der gjin tolk komme koe - eat dat de rjochter yn 't foar ek wol witte kinnen hie. De rjochter moast it doe duldzje dat de beklage Frysk spruts. Mar ûnderwilens liet er Van der Burg noch al witte: "Officieel versta ik u niet." Dat betsjutte dat Van der Burg yn 'e rjochtseal wol Frysk prate koe, mar dat wat er sei dan net opnommen waard yn it ferslach en dat der ek gjin rekken mei holden wurde soe by it fêststellen fan it fûnis.
Ut dit artikel it folgjende:
De beantwoording van de vraag, waarom de heer Wolthers zo mateloos geïrriteerd wordt bij het horen van de taal van het volk waarover hij zo lang rechtsprak, ligt meer op des psychiaters weg dan op de onze. Maar het feit, dat hij deze geïrriteerdheid in de openbare uitoefening van zijn functie zo slecht weet te verbergen, is een feit dat ons allen raakt. Morgen kunnen ook wij voor de rechterstoel staan.
(De fraach te beänderjen wêrom de hear Wolthers sa oermjittich irritearre rekket by it hearren fan de taal fan it folk dêr't sa'n tiid rjocht oer sprekt, leit mear op it paad fan de psychiater as op uzes. Mar it feit, dat er dizee irritaasjeyn it iepenbier útoefenjen fan syn funksje sa min ferbergje kin, is in feit dat ús allegear oangiet. Moarn kinne wy ek foar de rjochterstoel stean.)
Dit kinderachtige, beledigende en treiterende optreden tegenover een representatieve figuur als de heer Van der Burg is een openlijke provocatie voor het Friese volk in het algemeen en voor zijn georganiseerde studerende jeugd in het bijzonder. De heer Wolthers, die officieel geen kind meer is, moet zich deze dingen wel bewust zijn.
(Dizze lytsbêrneftige, misledigjende en narjende hannelwize tsjin in represintatyf figuer as de hear Van der Burg oer is in iepentlike provokaasje foar it Fryske folk yn 't miene en foar syn organisearre studearjende jongerein yn 't bysûnder. De hear Wolthers, dy't offisjeel gjin lytsbern mear is, moat him dy dingen wol bewust wêze.)
In de middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische Bende, die de Zwarte Hoop werd genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega's te reserveren.
(Yn de midsieuwen is Fryslân pleage troch in Saksyske Binde, dy't de Swarte Heap neamd waard. Mr. Wolthers liket it him yn de holle set te hawwen, dy namme foar himsels en syn lyksinnige kollega's te reservearjen.)
In pear wike letter skreau de kollemnist Tsjebbe Jong in sels noch útsprutsener stik yn it Boalserter Nijsblêd:
Dit is wol in tryst stikje treiterij. * Hwat yn 'e goedichheit kin sa'n man biwege om sa dom, sa provocerend en sa maniakael op to treden. Kin soks jit ûnder normale situaties rekkene wurde of is it wurd oan de psychiator.
As men soks meimakket, moat men jin bihearskje om sa'n man net mei in kneppel op syn baitsje to jaen.
Foar it Iepenbier Ministearje wienen dizze krante-artikels reden om sawol Schurer as De Jong oan te kleien foar kwealaster.
As in iroanyske noat fan dizze rjochtsitting mei wol jilde, dat der ek no Frysk praat waard en dat soks yn Ljouwert gjin inkelde swierrichheid opsmiet, behalven dat Wijbenga de eed net yn it Frysk ôflizze mocht.
De ofsier fan justysje achte it mei sin misledigjen fan Wolthers troch Fedde Schurer bewiisd. Mr. Okma, de ferdigener, wie fan betinken, dat it net de bedoeling fan Schurer west hie, Wolthers persoanlik te misledigjen, mar dat it artikel sjoen wurde moast as in ynmoedige ferdigening fan it Frysk.
Fedde Schurer sels sei yn syn lêste wurd, dat hy syn plicht dien hie foar God en syn lân troch op te kommen tsjin it geweld dat Fryslân oandien waard. "Ik moat it rjocht hawwe, nou en yn 'e takomst, om as myn folk yn syn eare en syn bistean taest wurdt, fûl fan my to slaen mei it wapen, dat my net om 'e nocht tabitroud is: it wurd. Moat ik dêrfoar straft wurde neffens in noarm, dy't net myn folk, mar wol syn oanranners biskermet, dan sil it dragen fan dy straf my greater eare wêze as hokker priis. Dan bin ik solidair mei myn meifortochte Tsjebbe de Jong en mei alle striders foar Fryslân fan earder en letter tiid. Sa wier helpe my God Almachtich."
Schurer beskreau yn syn autobiografy, De Bisleine Spegel, de reaksje fan de rjochter op dit pleit sa: " 'Heeft niets met de zaak te maken,' sei mr. Taconis en naam in dropke." (Hat neat mei de saak te krijen.) De eare fan it dragen fan 'e straf waard Schurer dan ek net ûntholden. Hy waard feroardiele ta in finzenisstraf fan fjirtjin dagen op betingst mei in proeftiid fan trije jier.
Wat de saak tsjin Tsjebbe de Jong oangiet: mr. Okma fierde ta syn ferdigening oan dat er syn artikel mei hastigens skreaun hie. De ofsier fan justysje kompinsearre de swierdere mislediging fan Wolthers mei de lytsere oplaach fan it Boalserter Nijsblêd en easke deselde straf. De Jong krige úteinlik sân dagen op betingst mei in proeftiid fan trije jier, sadat er, neffens de rjochter, net wer wat yn hastigens skriuwe soe.
Mar hoe't dat ek wie, freed wie merkdei yn Ljouwert en ek waard dan de feemerk holden, dat al gau woeks it groepke lju oan ta in grutte mannichte, dêr't de measten fan eins hielendal net foar de rjochtsaak nei Ljouwert takommen wienen. Doe't de plysje de lju wat weromkrong, ûntstie der even in lytse opskuor, mar fuort letter wie it wer rêstich.
Om healwei fiven hinne kaam lykwols de skriuwer Eeltsje Boates Folkertsma nei bûten ta om de wachtsjenden te fertellen hoe't de rjochtsaak tsjin Schurer einige wie, wylst alle oaren binnenbleauwen foar de saak tsjin De Jong. Om Folkertsma hinne ûntstie doe fansels oprin, dat troch de plysje ynterpretearre waard as nije reboelje.
Der waarden helptroepen optrommele en de brânwacht kaam mei brânspuiten. De lju op it Saailân fielden har bedrige, begûnen de plysje mei fruit te bekûgeljen en besochten de brânslangen troch te snijen. De plysje reagearre hjir ûnbehearske op en sloech sûnder ûnderskie te meitsjen op 'e útnaaiende minsken yn mei de wapenstôk, wylst ek tafallige foarbygongers net sparre waarden. In grut tal minsken waard dy deis rekke troch wetter of kneppel en guon, lykas Pieter Wijbenga, de haadredakteur fan it Frysk Deiblêd, waarden sels slim yninoarslein troch de plysje.
Dit barren is de skiednis yngongen as "Kneppelfreed" - in beneaming dy't Schurer, neffens Douwe Tamminga en Jo Smit, sels betocht hat - en is efterôf sjoen ien fan 'e wichtichste foarfallen yn 'e skiednis fan 'e emansipaasje fan 'e Fryske taal.
Underwilens ferskynden der yn 'e Nederlânske parse alarmearjende artikels oer de mooglike radikalisearring fan 'e Fryske Beweging. En ek yn 'e Twadde Keamer kaam Kneppelfreed oan 'e oarder. Dêre beklagen guon parlemintsleden, lykas de ynfloedrike Fries Pieter Sjoerds Gerbrandy (ARP) en de Hollanner Johan Scheps (PvdA), harren bitter oer de gong fan saken. Tsjin dy tiid waarden yn Ljouwert by de kommissaris fan plysje en guon leden fan 'e rjochterlike macht de ruten yngoaid.
Mûglik as reaksje op de ideeën yn de parse oer de radikalisearring, stjoerde it regear yn De Haach daliks net minder as trije ministers twa dagen lang op ferkenning nei Fryslân, eat dat noch nea foarkommen wie.
Nei jierren fan tarieding en debatten late dit yn 'e jierren 1955 en 1956 allegearre ta de ynfiering fan nije wetjouwing oangeande it Frysk. Dêrby krige it Frysk offisjeel de status fan twadde rykstaal, al makke dat Nederlân net in twatalich lân, lykas Kanada dat al is. Fierders krigen Friezen it rjocht om yn Fryslân harren eigen taal yn 'e rjochtseal te sprekken en om wêr dan ek yn Nederlân de eed yn it Frysk ôf te lizzen. Wat it ûnderwiis oanbelange, krige it Frysk op 'e legere skoallen, dêr't it al sûnt 1937 as ekstra fak tastien wie, no einlik de status fan folweardich skoalfak.
Schurer gong yn berop tsjin it fûnis, en op 18 maart 1952 waard syn straf werombrocht ta de oarspronklike eask fan 150 gûne boete.
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Kneppelfreed".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world