article

It Klaaifrysk is ien fan 'e fjouwer grutte dialekten fan it Frysk en wurdt sprutsen yn it noardwestlike part fan 'e provinsje Fryslân, rûchwei tusken de Fryske Marren yn it suden, Ljouwert en de Alde Feanen yn it easten, it Bilt yn it noarden, it Waad yn it noardwesten en de Iselmar yn it westen. It Klaaifrysk tanket syn namme oan syn taalgebiet, dêr't de grûn bestiet út fette seeklaai.

It Klaaifrysk wurdt sprutsen troch nei skatting likernôch 95.000 minsken yn 'e provinsje Fryslân; hoefolle Friezen om utens Klaaifrysk sprekke is net dúdlik.

Ferskillen tusken Klaaifrysk en Wâldfrysk


De ferskillen tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, it oare grutte Fryske dialekt, binne sa lyts, dat yn dit ferbân it wurd "dialekten" eins in te sterke term is; men soe better sprekke kinne fan "taalfarianten". Lykwols binne der in stikmannich - alteast foar Friezen - tige yn it each springende ferskillen, sawol op fonologysk as leksikaal mêd.

Fonologyske Ferskillen

Nei alle gedachten it bekendste ferskil tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk wurdt foarme troch de wurden "my", "dy", "hy", "sy", "wy" en "by", dy't yn it Klaaifrysk útsprutsen wurde as "mij", "dij", "hij", "sij", "wij" en "bij" en yn it Wâldfrysk as "mi", "di", "hi", "si", "wi" en "bi".

Fierders bestiet der in hast like bekend ferskil yn 'e útspraak fan 'e twaklanken "ei", "ai" en "aai". Yn it Klaaifrysk wurde dy útsprutsen as "òi", resp. "òi" en "ôi", mar yn it Wâldfrysk as "ij" resp. "ai" en "aai". Mei oare wurden, yn it Klaaifrysk heart men yn 'e útspraak gjin ferskil tusken "ei" en "aai", wylst men yn it Wâldfrysk yn 'e útspraak gjin ferskil heart tusken "ei" en "ij".

Oare, minder bekende klankferskillen binne bygelyks:

Klaaifrysk Wâldfrysk
do
prom prûm
tomme tûme
neaken nêken
kreakje krêkje
weak wêk
gers gjers
kers kjers
kel kjel

Yn it Standertfrysk, dat nochal wat fariaasje talit, binne almeast beide foarmen tastien.

Leksikale Ferskillen

Lânkaart_lokaasje_klaaifrysk.GIF

Tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk komme mar njoggentjin leksikale ferskillen (dus ferskillen yn 'e wurdskat) foar. Foarbylden binne:

Klaaifrysk Wâldfrysk
sneon saterdei
eamel
eamelder
mychammel
mychhimmel
flues flij
sûch mot

Boarnen


  • Boelens, K., e.o., Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.

Frysk

Kleifries

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Klaaifrysk".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld