Utgeande fan de gearwurking yn de Benelúks waard as earste gearwurking yn 1951 de Jeropeeske Mienskip foar Koal en Stiel stifte, tusken de lannen Belgje, Dútslân, Frankryk, Itaalje, Lúksemboarch en Nederlân. It sukses fan dizze organisaasje wie sa grut dat yn 1957 mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Mienskip foar Atoomenerzjy en de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip tafoege waarden. Yn 1967 waarden dizze trije organisaasjes gearfoege ta de Jeropeeske Mienskip, en sûnt dy tiid is der ien Jeropeeske Kommisje en ien Jeropeesk Parlemint, dat doe al noch troch de parleminten fan de lidsteaten keazen waard.
In 1973 is de mienskip útwreide mei Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje. Yn 1979 waard it parlemint foar de earste kear streekrjocht troch de befolking keazen, en sûnt dy tiid binne der eltse fiif jier streekrjochte ferkiezings.
Yn 1981 kaam Grikelân by de mienskip, en yn 1986 Spanje en Portegal. Yn 1990 wie der formeel gjin útwreiding, mar ien fan de lidsteaten, Dútslân, waard útwreide troch de werferiening fan West-Dútslân en East-Dútslân, dat it gebiet fan de mienskip waard al grutter.
Yn 1 jannewaris 1993 waard it Ferdrach fan Maastricht fan kreft, dat de Jeropeeske Mienskip feroare de ta de Jeropeeske Uny. Yn 1995 waard de uny útwreide mei Eastenryk, Finlân en Sweden. En yn 2004 kaam de grutste útwreiding fan de uny ea, doe Estlân, Hongarije, Letlân, Litouwen, Malta, Poalen, Syprus, Sloveenje, Slowakije en Tsjechje lid waarden fan de uny.
Europese Unie | Unión Europeya | Europisc Gesamnung | اتحاد أوروبي | Xunión Europea | Avropa İttifaqı | Эўрапейскі Зьвяз | Европейски съюз | Unaniezh Europa | Evropska unija | Unió Europea | Evropská unie | Eùropejskô Ùnijô | Yr Undeb Ewropeaidd | EU | Europäische Union | Ευρωπαϊκή Ένωση | European Union | Eŭropa Unio | Unión Europea | Euroopa Liit | Europar Batasuna | اتحادیه اروپا | Euroopan unioni | Õuruupa Liit | Union européenne | Union eropèèna | Union Europeane | An tAontas Eorpach | An t-Aonadh Eorpach | Unión Europea | האיחוד האירופי | यूरोपीय संघ | Europska unija | Inyon Ewopeyèn | Európai Unió | Պրոյեկտ:Որոնում | Union Europee | Uni Eropa | Europan Union | Europana Uniono | Evrópusambandið | Unione Europea | 欧州連合 | Uni Eropah | ევროპის კავშირი | 유럽 연합 | Europäish Unjon | Yekîtiya Ewropayê | Unyans Europek | Unio Europaea | Europäesch Unioun | Europese Unie | Europos Sąjunga | Eiropas Savienība | Европска Унија | Kesatuan Eropah | Unjoni Ewropea | Europääsche Union | Europese Unie | Europese Unie | Den europeiske unionen | Den europeiske union | Unnion Ûropéenne | Union europenca | Unia Europejska | União Europeia | Europikano Ekipen | Uniunea Europeană | Европейский Союз | Unioni Europea | European Union | Evropska unija | European Union | Európska únia | Evropska unija | Bashkimi Evropian | Европска унија | Europeiska unionen | ஐரோப்பிய ஒன்றியம் | Uniaun Europeia | สหภาพยุโรป | Kaisahang Europeo | Avrupa Birliği | Awrupı Berlege | Європейський Союз | Union Eoropea | Liên minh châu Âu | Unyon Europeo | 欧洲联盟 | Europa Liân-bêng
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Jeropeeske Uny".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world