It Bilt (Het Bildt) is in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 10.949 ynwenners (1 jannewaris 2004). It hat in gebiet fan 116,48 km2, wêrfan 25,88 km2 wetter, en 15,4 km kust.
De gemeente is opboud út trije polders yn de âlde Middelsee: it Aldbilt, ynpoldere yn (1505), it Nijbilt (1600) en de Alde Biltpollen (1715). Yn 1984 is dêr by de gemeentlike weryndieling noch in part fan de eardere gemeente Barradiel bijkaam. Dat nettsjinsteande protesten fan in soad Bilkerts, dy't leaver gjin âldlân by harren gemeente hawwe woene.
De buorskip Nij Altena is lykernoch sa grut as Froubuorren mar hat yn 1999 noch yn in referindum oanjûn dat it gjin doarp wêze wol. Yn 2006 wurdt lykwols op 'e nij sjoen nei doarpsstatus foar Nij Altena.
Het Bildt | Het Bildt | Het Bildt | Het Bildt | Het Bildt | Et Bildt | Het Bildt | Het Bildt