De Ingveonismen binne in stikmannich taalkundige fernijings yn de Westgermaanske talen, dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium foardienen. Yn dizze fernijings lizze foar in grut part de ferskillen tusken de Noardwestgermaanske talen en de Súdwestgermaanske talen. It is lykwols al sa dat de Ingveonismen har foar in part ek oppenearre hawwe yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen. De Heechdútske talen hawwe dêrfoar gjin part oan de Ingveonismen hân.
Dêrnjonken wurde lykwols ek noch oare feroarings beskôge as Ingveonismen. Hjirûnder wurde de ferskate Ingveonismen toand út de ferskillen tusken Noarwestgermaansk Ingelsk en Frysk, Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk Nederlânsk en Súdwestgermaansk - Heechdútsk Dútsk.
Bygelyks, de ferskate talen hawwe de neikommende persoansfoarmen foar it tiidwurd "hawwen":
| persoan | Ingelsk | Frysk | Nederlânsk | Dútsk |
|---|---|---|---|---|
| 1e meartal | have | hawwe | hebben | haben |
| 2e meartal | habt | |||
| 3e meartal | haben | |||
| meartalfoarmen | ienheidsmeartal | ienheidsmeartal | ienheidsmeartal | ôfsûnderlik |
Bygelyks, yn sinnen as "Hy wasket him.", hawwe de talen yn it iental de neikommende weromwurkjende foarnamwurden:
| persoan | Ingelsk | Frysk | Nederlânsk | Dútsk |
|---|---|---|---|---|
| 3e manlik | himself | him | zich | sich |
| 3e froulik | herself | har | ||
| 3e meartal | themselves | har | ||
| foarnamwurd | oanwizend | oanwizend | weromwurkjend | weromwurkjend |
Bygelyks, de neikommende wurden hienen yn it Westgermaansk in n. (De weiwurden parten binne yn dizze tabel mei iepenings oanjûn.)
| Ingelsk | Frysk | Nederlânsk | Dútsk |
|---|---|---|---|
| fi_ve | fii_f | vij_f | fünf |
| so_ft | sê_ft | za_cht | sanft |
| o_ther | oa__r | ander | ander |
| u_s | ú_s | ons | uns |
| goo_se | goe_s | gans | Gans |
Bygelyks, yn de neikommende foarbylden binne de skeane letters foarmen fan assiblaasje.
| Ingelsk | Frysk | Nederlânsk | Dútsk |
|---|---|---|---|
| bridge | brêge | brug | Brücke |
| midge | mich | mug | Mücke |
| hedge | hage | heg | Hecke |
| church | tsjerke | kerk | Kirche |
| chalice | tsjelk | kelk | Kelch |
| cheese | tsiis | kaas | Käse |
| chaff | tsjêf | kaf | Kaff |
| to churn | tsjernje | karnen | kernen |
| kettle | tsjettel | ketel | Kessel |
| yarn | jern | garen | Garn |
| yesterday | juster | gisteren | gestern |
| to yield | jilde | gelden | gelten |
| to forget | ferjitte | vergeten | vergessen |
Ingvaeonic nasal spirant law | Ingveoonse klankverschuivingen
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Ingveonismen".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world