It Hylpersk is it argayske Frysk dialekt fan it havenstedsje Hylpen oan 'e westkust fan 'e provinsje Fryslân. It hat in tige behâldende lûdlear en wurdskat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn tebek bleaun is. It wurdt nei gedachten noch sprutsen troch sa'n 300 almeast âldere minsken en dat oantal nimt ôf.
Skriuwtaal
It Hylpersk is yn alle gefallen al fan 'e 17e ieu ôf skriftlik oerlevere. Yn
1981 ferskynde it
Hylper Wurdboek as ûnderdiel fan 'e
Rige Fryske Dialektstúdzjes fan 'e
Fryske Akademy.
Untwikkeling
Troch syn lizzing op in skiereilân hat
Hylpen oant yn 'e 20e ieu fierhinne isolearre west fan syn efterlân en hie it ieuwenlang mear kontakten mei de
Hollânske kuststêden oare kant de
Sudersee. Sadwaande hat it Hylpersk in gruttere ynfloed fan 'e
Hollânske dialekten ûndergien as de oare Fryske dialekten. Benammen it
Amsterdamsk hat troch de ieuwen hinne in grutte ynfloed op it Hylpersk útoefene. De lizzing fan Hylpen is lykwols net in folsleine ferklearring foar it dialekt: Oant likernôch 1800 hat
Koudum in dialekt hân dat ticht by it Hylpersk stie.
Ferskil mei it Standerdfrysk
Lânkaart_lokaasje_hylpersk.GIF
Yn it Hylpersk is de
Fryske lûdbrekking net trochfierd. Sa it
ee gjin
ie wurden, en
oo gjin
uo. Fierders wurde guon kombinaasjes oars sein. De kombinaasjes
âld en
âlt, yn it Standertfrysk mei in stomme
l, wurde yn it Hylpersk mei in
l en in gewoane
aa sein, bygelyks "
aald" foar "âld". En it Hylpers hat dan
ae dêr't it Standertfrysk
aa hat, bygelyks "
waerm" foar "waarm". Fierders is de Hylperske ekwivalint fan 'e "tsj" de "tj", lykas yn "
tjian" ("tsjin"). Dêrby is dy "ts" faak noch ôfswakke ta in "s", lykas yn "
serke" ("tsjerke").
Boppedat ken it Hylpersk in tal lûden dy't yn it Standertfrysk net foarkomme:
- "ä" . "twädde" ("twadde")
- "ö" . "röt" ("rôt")
- "ûi" . "bûie" ("boei")
- "ia" . "fiald" ("fjild")
- "èa" - "hèal" ("hel")
- "èu" - "fèuwer" ("fjouwer")
- "öi" - "böis" ("buis")
- "öu" - "möukje" ("miaukje")
- "iiuw" - "fiiuw" ("fiif")
- "ôi" - "môi" ("moai")
- "aau" - "paau" ("pau")
Yn de stavering binne ek noch twa oare ferskillen, trochdat it Hylpersk útspraakferskillen oanjout dy't yn de stavering fan it Standertfrysk net sichtber binne. It giet dêrby om "ò" foar de o-klank yn "hok", lykas yn "tòlle" foar "telle", en om de lange 'ú dy't yn it Hylpersk altiten as "uu" stavere wurdt.
In stikmannich leksikale ferskillen komt ek foar. Bygelyks: "siie" foar "naaie", "tät" foar "happe" (yn 'e sin fan bernetaal foar "hynder") en "öie" foar "sipel". Yn de wurdskat fan it dialekt binne in protte wurden bewarre bleaun dy't yn it Nederlânsk en it Frysk net mear brûkt wurde.
De ferskillen yn útspraak en wurdskat tusken it Hylpersk en it Standertfrysk binne sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar komt. Lykwols joech in stekproef oan dat it Hylpers stadichoan nei it Standertfrysk tawaakst. Nei gedachten is hat dit te krijen mei it tanimmende kontakt en it ferfarren fan sprekkers fan oare dialekten nei Hylpen.
Foarbyld
As foarbyld fan it Hylpers de earste rigels fan
Bittersweet, de Hylperske ferzje út it
Bitterswiet-projekt. Dêrûnder itselde part út it orizjineel yn it Standertfrysk.
- Bittersweet, bittersweet
- priuwt dizze likje minnesang
- sol dyn aer wol eenkear fange
- as de fyne droppen 't ryne
- (...)
(Oersetting
Gosse Blom)
- Bitterswiet, bitterswiet
- Priuwt dit lytse leafdeliet
- Sil dyn ear it oait wel heine
- As de fine drippen 't reine
- (...)
(
Tiny Mulder)
Externe keppeling
Literatuer
- K. Boelens en oaren, Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981.
- G. Blom, Hylper Wurdboek, Ljouwert, 1981.
- K. Jansma, Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
Frysk | Hindeloopers