De Gysbert Japicxpriis is in yn 1947 troch de Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis, neamd nei de dichter Gysbert Japiks. De earste winner fan de priis wie op 10 oktober 1947 de Fryske dichter Obe Postma.
Alde Gysbert Japicxpriis
De priis wie in stimulearingspriis, en waard takend foar it bêste oarspronklik Frysk wurk dat yn de perioade foarôfgeand oan de útrikking publisearre wie. Dy perioade waard twa jier, om't it iene jier
proaza beoardiele waard, en it oare jier
poësy. Mei yngang fan
1954 waard yn it iene jier de
Dr. Joast Halbertsmapriis útrikt en yn it oare de Gysbert Japicxpriis. De priis bestie út in oarkonde en in jildbedrach, oarspronkelijk 500 gûne, mar letter oprinnend ta 2000 gûne. Om't it in stimulearingspriis wie koe dy allinnich foar in spesifyk wurk útrikt wurde, net foar in oeuvre, al is dat al in pear kear bard. Yn 1984 is de priis yn dy foarm ôfskaft, en yn in nije foarm wer ynsteld.
Nije Gysbert Japicxpriis
By de nije Gysbert Japicxpriis wie der gjin ûnderskie yn sjênre. Proaza en poësy koenen eltse kear yn oanmerking komme, mar dat gou ek foar
berneliteratuer en
jongereinliteratuer. Dêrnjonken kin de priis no ek foar in oeuvre úrikt wurde. Fierders waard romte makke foar de
Fedde Schurerpriis en de
Dr. Obe Postmapriis, sadat de Gysbert Japicxpriis doe ien kear in de trije jier útrikt waard.
Yn 1986 is it jildbedrach noch omheechbrocht nei 4000 gûne. Yn 1999 is besletten mei yngong fan 2001 in twajierliks skema te folgjen, de ien twa jier foar poësy, de oare kear foar proaza. It jildbedrach waard doe fêststeld op 5000 euro.
Ofwikende takennings
Foar de priis jildt it betingst dat dat "bêste oarspronklik Frysk wurk" de bekroaning ek wurdich wêze moat, mar de advyskommisje hat oan't no ta mar ien kear gjin foardracht dien, yn
1977. Dochs is de priis dat jier takend. Oarsom hawwe Deputearre Steaten ien kear besletten it adfys net te folgjen. Yn
1969 is de priis net útrikt, wylst it projekt
Operaesje Fers nominearre wie. De priis is ek ien kear wegere. Yn
1959 hat
Eeltsje Boates Folkertsma yndie sein syn wurk fan dy perioade de bekroaning net wurdich te finen, en hy hat dy doe net oannimme wollen.
Twa kear wûn
Trije skriuwers hawwe twa kear de Gysbert Japicxpriis krigen:
Anne Wadman,
1952 en
1989,
Jan Wybenga,
1965 en
1977, en
Trinus Riemersma,
1967 en
1995.
Utrikking
De priis wurdt útrikt yn de bertestêd fan Gysbert Japiks,
Boalsert, op it stêdshûs. Allinnich Jan Dijkstra, yn 1951, en Rink van der Velde yn 1975 hawwe net oan de plechtige útrikking meidwaan wollen, en hawwe de priis letter op it
Provinsjehús ophelle.
Priiswinners
Eksterne keppeling
Literatuerpriis | Gysbert Japicxpriis