''Dizze side giet oer it lân Grut-Brittanje. Sjoch Grut-Brittanje (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Grut-Brittanje.
It keninkryk Grut-Brittanje is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.
Grut-Brittanje wurdt begrinzge troch:
Foar de
Frânske kust, west fan
Brittanje, lizze noch de
Kanaaleilannen, en fierder hat Grut-Brittanje noch oerseeske gebieten.
Geografy
Hichte
Grut-Brittanje is it heechst yn it noarden, yn de
Skotse Heechlannen, mei
Ben Nevis (1343 m.) as heechste punt. De heechlannen wurde spliten troch de
Grutte Glen, om't se op in
geologyske brekline lizze. Nei in smelle ûnterbrekking, dêr't
Eddinboarch en
Glasgow lizze, komme de
Súdlike Boppelannen, dy't gjin heechlannen binne, mar dochs nog toppen hawwe dy't 843 m. (
Merrik) en 840 m. (
Broad Law) heech binne. De grins tusken
Skotlân en
Ingelân wurdt foarme troch de oergong nei de
Penninen. Dizze binne yn it noarden noch heech,
Krús Fel (893 m.), mar wurde nei it súden ta hieltyd leger. Noard-súd binne se al grut, mar east-west is dat net sa; foar it grutste part leit east en west fan de Penninen leger lân. Dit jout se de bynamme,
de Rêchbonke fan Ingelân. It súdeasten fan Ingelân is dúdlik leger. Foar de westkant is dat net sa. Dêr lizze yn it noarden de
Kumbryske Bergen, en yn it suden de hichten fan
Devon. Dêrtuskenyn leit
Wales, wat hielendal bergeftich is.
Noard-Ierlân, as in part fan it eilân Ierlân, is heuvelich, lykas de oare parten fan it eilân.
Eilannen
Grut-Brittanje is in eilanneryk. Njonken it eilân sels heart
Noard-Ierlân, in part fan it eilân Ierlân, ta it keninryk. Om dizze grutte eilannen hinne leit noch in ferskaat fan oare eilannegroepen en eilannen dy't ek ta it ryk hearre. Yn it noarden lizze trije grutte eilannegroepen:
Sjetlân, de
Orkaden en mear nei it westen de
Hebriden. Ticht by de Hebriden, mar oan de oare kant van
Kintyre, leit it eilân
Arran. Yn de Ierske See leit it eilân
Man, en ticht by de kust fan Wales lizze
Angelseach en it lytsere
Hillich Eilân. Yn it
Bristol Kanaal leit
Lundy, foarby de súdwestpunt fan
Kornwal lizze de
Skorels, en oan de súdkust fan Ingelân leit it eilân
Wicht. Mar foar alle kusten lizze ek noch lytsere eilantsjes; Grut-Brittanje hat mear as tûzen lytse eillannen.
Wetter
Net allinich is der see oan alle kanten fan Grut-Brittanje, mar der rint ek in grut tal fan koarte rivierkes fan it binnenlân nei de kust. De langste rivier fan Grut-Brittanje is de
Severn (354 km.), dy't troch Ingelân en Wales kringelt, en yn it
Bristol Kanaal útkomt. In oare wichtige rivier is de
Teems (346 km.), dy't troch Engelân rint, en nei't er troch Londen kaam is yn
it Kanaal 't komt. De grutste mar leit yn Noard-Ierlân:
Lough Neag. De djipste mar is
Loch Morar yn Skotlân (309 m.), mei op it twadde plak
Loch Nes (
mar 228 m.). Troch de yntensyve yndustry wurdt it lân ek noch trochkrúst troch in grut tal fan kanalen.
Bestjoer
Yndieling
Ieuen fan skiednis spylje in rol by de bestjoerlike yndieling. Foar parten fan it bestjoer wurdt Grut-Brittanje opdield yn Ingelân, Skotlân en (Noard-) Ierlân, en ek wol Wales. Fierder jilde der noch hieltiid útsûnderings foar Kornwal, wat al mear as in milennium lyn troch Ingelân oerweldige is.
Hearrige gebieten
It eilân Man en de Kanaaleilannen binnen sels hielendal gjin part fan it lân. Se meitsje al gebrûk fan tsjinsten fan Grut-Brittanje, en hawwe foar it grutste part deselde wetten, mar se hearre net ta it lân, mar ta de kroan. In gefolch hjirfan is dat se ek gjin part fan de
Jeropeeske Uny binne.
Oerseeske gebieten
Gearwurking
Grut-Brittanje is in stiftend lid fan de
Feriene Naasjes (
1945) dêr't it in permaninte sit hat yn de
Feilichheidsrie. It lân is ek stiftend lid fan de
Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (
1949) en de
Rie fan Jeropa (
1949). It lân is sûnt
1973 lid fan de
Jeropeeske Uny, mar hat gjin diel oan de
Monetêre Uny.
Keppeling om utens
Jeropa | Verenigde Koninkryk | Grossbritannien und Nordirland | Reino Unito | Reinu Uníu | যুক্তরাজ্য | Обединено кралство Великобритания и Северна Ирландия | Ujedinjeno Kraljevstvo | Regne Unit de la Gran Bretanya i Irlanda del Nord | Y Deyrnas Unedig | Det Forenede Kongerige | Vereinigtes Königreich | Ηνωμένο Βασίλειο | United Kingdom | Unuiĝinta Reĝlando | Reino Unido | Suurbritannia | Erresuma Batua | پادشاهی متحد بریتانیای کبیر و ایرلند شمالی | Yhdistynyt kuningaskunta | Stóra Bretland | Royaume-Uni | Royômo-Uni | An Ríocht Aontaithe | An Rìoghachd Aonaichte | Reino Unido - United Kingdom | Reeriaght Unnaneyssit | 영국 | הממלכה המאוחדת | युनाइटेड किंग्डम | Ujedinjeno Kraljevstvo | Nagy-Britannia | Regno Unite | Britania Raya | Pagarian ti Britania ken Umamianan nga Irlandia | Unionita Rejio | Bretland | Regno Unito | イギリス | დიდი ბრიტანეთი | Qraliyeta Yekbûyî | Rywvaneth Unys | Regnum Unitum | Groussbritannien | Vereineg Keuninkriek | Didžioji Britanija | Apvienotā Karaliste | Kīngitanga Whakakotahi | Обединетото Кралство | United Kingdom | Grootbritannien un Noordirland | Verienigd Keuninkriek | Verenigd Koninkrijk | Storbritannia | Det forente kongerike Storbritannia og Nord-Irland | Rouoyaume Unni | Reialme Unit | Стыр Британи | Wielka Brytania | Reino Unido | Phandlo Thagaripen la Bare Britaniyako thai le Nordutne Irlandesko | Reginavel Unì da la Gronda Britannia ed Irlanda dal Nord | Regatul Unit | Великобритания | Regnu Unitu | Unitit Kinrick | Ujedinjeno Kraljevstvo | United Kingdom | Spojené kráľovstvo | Združeno kraljestvo Velike Britanije in Severne Irske | Уједињено Краљевство | Storbritannien | ஐக்கிய இராச்சியம் | สหราชอาณาจักร | United Kingdom | Birleşik Krallık | Великобританія | برطانیہ | Vương quốc Liên hiệp Anh và Bắc Ireland | 英国 | Liân-ha̍p Ông-kok