Grins is de haadstêd fan de provinsje Grinslân en ek it haadplak fan de gemeente Grins. De sted is fierwei de grutste stêd fan it noarden fan Nederlân mei sa'n 180.487 ynwenners (2005). Grins is foaral in studintestêd, mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Hânzehegeskoalle Grins. Tegearre hawwe dizze twa ynstituten mear as 40.000 studinten.
Yn 1614 krige Grins syn universiteit. Letter yn de 17e ieu waard in nije omwalling oanlein, ûntworpen troch festingbouwer Menno fan Coehoorn. Yn it rampjier 1672 waard Grins in skoft belegere troch de biskop fan Münster, Bernard von Galen. Elts jier op 28 augustus fiert de stêd de oerwinning op Bommen Berend.
Groningen | Groningen | Groningen | Γκρόνινγκεν | Groningen (city) | Groningen (urbo) | Groninga (ciudad) | Groningen | Groningue (ville) | Groningen | Groninga | フローニンゲン市 | Groninga (urbs) | Greuninge (stad) | Grunneng | Grunnen (stad) | Groningen (stad) | Groningen | Groninga (cidade) | Groningen (oraş) | Groningen (stad)
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Grins (stêd)".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world