Fersprieding_germaanske_talen.GIF De Germaanske talen foarmje in taalfamylje, besteande út mear as fjirtich, foar in part útstoarne talen, ûntstien út it Oergermaansk. Se meitsje ûnderdiel út fan ’e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje. De measte Germaanske talen binne ûntstien yn noardlik, noardwestlik en sintraal Jeropa, mar hjoed de dei hawwe guon fan ’e talen harren ferspraat oer hiel oare wrâlddielen. De Germaanske talen wurde tsjintwurdich as memmetaal sprutsen troch mear as 550 miljoen minsken. De grutste Germaanske talen binne it Ingelsk en it Dútsk.
De Germaanske talen wurde ûnderferdield yn ’e neikommende taalkloften:
Der wurdt oannaam dat it Oergermaansk bestean hat fan earne yn it twadde milennium f.Kr. oant in ieu nei it begjin fan de jiertelling. Op basis fan de hjoeddeiske talen en fan âldere boarnen is rekonstruearre hoe't de taal west hat.
It Oergermaansk hat oan de Yndo-Jeropeeske taal in twadde foarm fan de eigenskip wurden tafoege, en hat de swakke tiidwurden yntrodusearre. Yn de lêste ieuwen wienen der feroarings yn de útspraak fan de taal. It Miengermaansk liet de frije klam fan it Yndo-Jeropeesk falle en sette de klam fêst op it earste wurdlid. Yn dizze tiid foel ek de Germaanske lûdferskowing, dêr't in grut tal bylûden fan it Germaansk by fan útspraak feroaren.
Ut lettere tiid binne Germaanske ynskripsjes yn it runeskrift, in alfabetysk skrift dat ûntstien liket te wêzen yn ’e earste helte fan ’e earste ieu nei Kristus en fan ’e komst fan it kristendom ôf ferfongen waard troch it Latynske alfabet. Lykwols, Germaanske talen hawwe ornaris mear lûden as it Latyn, dat de ûnderskate Germaanske talen hawwe oan it Latynske standertalfabet in ferskaat fan oare letters en diakrityske tekens tafoege: á, â, ä, å, æ, ð (de stimhawwende th), é, ê, í, î, ý, ó, ô, ö, ò, ø, þ (de stimleaze th), ú, ü.
De earste langere Germaanske tekst dy’t oerlevere is, is de Goatyske Bibeloersetting fan biskop Wulfila of Ulfilas, út ’e fjirde ieu nei Kristus. De earste teksten yn it Ingelsk en it Aldheechdútsk binne út ’e achtste ieu, wylst it Aldsaksysk fan ’e njoggende ieu ôf oerlevere is, útsein in doopbelidenis út ’e achtste ieu. De earste teksten yn it Aldyslânsk en it Aldnoarsk binne fan ’e tolfde ieu.
| taal | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ingelsk | one | two | three | four | five | six | seven | eight | nine | ten |
| Skotsk | ane yae | twa | thrie | fower | five | sax sex | seiven | aicht aucht | nyne neen | ten |
| Frysk | ien | twa | trije | fjouwer | fiif | seis | sân | acht | njoggen | tsien |
| Eastfrysk (Sealtersk) | aan | twäi twäin twoo | träi | fjauwer | fieuw | säks | soogen | oachte | njugen | tjoon |
| Noardfrysk (Mooring) | iinj ån | tou tuu | trii tra | fjouer | fiiw | seeks | soowen | oocht | nüügen | tiin |
| Nederdútsk (Westfaalsk) | eein | twei | drai | veier | fief | söss | siewen | acht | niegen | tein |
| Nederlânsk | een | twee | drie | vier | vijf | zes | zeven | acht | negen | tien |
| Afrikaansk | een | twee | drie | vier | vyf | ses | sewe | agt | nege | tien |
| Limboarchsk | een | tweej | drai | vier | vaif | zees | zeeve | aach | neuge | téin |
| Lúksemboarchsk | een | zwéi | dräi | fier | fönnef | sechs | siwwe | aachte | néng | zéng |
| Dútsk | eins | zwei | drei | vier | fünf | sechs | sieben | acht | neun | zehn |
| Jiddysk | eyns | tsvey | dray | fir | finf | zeks | ziêben | akht | nayn | tsen |
| Sweedsk | en | två | tre | fyra | fem | sex | sju | åtta | nio | tio |
| Deensk | en | to | tre | fire | fem | seks | syv sjau | otte | ni | ti |
| Skoansk | ein | tvåo | tre | fira | fem | säx säjs | sjuu sjüü | åta | nie | tie |
| Noarsk (Bokmål) | en | to | tre | fire | fem | seks | syv | åtte | ni | ti |
| Noarsk (Nynoarsk) | ein | tvo | tri | fjore | fem | sex | sjau sju | åtte | nie nio | tie tio |
| Faroysk | ein ein eitt | tveir tvær tvey | tríggir tríggjar trý | fýra | fimm | seks | sjey | átta | níggju | tíggju |
| Yslânsk | einn | tveir | þrír | fjórir | fimm | sex | sjö | átta | níu | tíu |
| Goatysk † | ains | twai | þreis | fidwor | fimf | saíhs | sibun | ahtau | niun | taíhun |
Germaanse tale | Llingües xermániques | Alman qrupu | Германскія мовы | Германски езици | Llengües germàniques | Germánské jazyky | Germanske sprog | Germanische Sprachen | Γερμανικές γλώσσες | Germanic languages | Ĝermana lingvo | Lenguas germánicas | Germaani keeled | زبانهای ژرمنی | Germaaniset kielet | Germanskt mál | Langue germanique | Linguas xermánicas | שפות גרמאניות | Germán nyelvek | Linguas germanic | Bahasa Jermanik | Germönsk tungumál | Lingue germaniche | ゲルマン語派 | გერმანული ენები | 게르만어파 | Yethow germanek | Germaanse taole | Germanų kalbos | Германски јазици | Germaansche Spraken | Germaanse talen | Germanske språk | Germanske språk | Języki germańskie | Línguas germânicas | Limbile germanice | Германские языки | Germanic leid | Germánalaš gielat | Germánske jazyky | Germanska språk | Германські мови | Nhóm ngôn ngữ gốc Đức | 日耳曼语族 | Tek-gí-hē
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Germaanske talen".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world