''Dizze side giet oer (Westerlauwersk) Fryslân, dat as provinsje fan Nederlân bestjoerd wurdt. Sjoch Fryslân (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Fryslân.
(Westerlauwersk) Fryslân is in provinsje fan Nederlân. Hy hat 642.977 ynwenners (1 jannewaris 2005) en in oerflak fan 6198,64 km2, wêrfan 2849,38 km2 wetter is. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, wêrfan fiif waadeilannen goed de helte foarmje. De provinsje hat âlve stêden en ien-en-tritich gemeenten. De provinsje is in part fan it Frysk wengebiet.
Taal
Fryslân hat twa offisjele fiertalen, it
Frysk en it
Nederlânsk. Fierders wurdt op
it Amelân Amelânsk praat, op
it Bilt Biltsk (Bildts), yn de
Stellingwerven Stellingwerfsk en yn eastlik
Kollumerlân Pompstersk. Yn histoaryske hannelsgebieten wurdt noch
Stedsk praat, fan oarsprong in 16e-ieusk Hollânsk
dialekt mei grutte Fryske ynfloeden.
De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de
Sân Seelannen. Op 'e ein fan de
partijtiid kaam it gebiet ûnder Saksysk gesach, mar dy ferkoften it gebiet oan de Boergondjers. By de
Uny fan Utert waard it ien fan de
Sân Feriene Nederlannen (de '
Republyk') wurden. Yn de Frânske tiid waard it in part fan de
ienheidssteat it
Keninkryk Hollân. Nei de Frânske tiid gong it op yn it
Keninkryk fan 'e Nederlannen, ek wer in ienheidssteat dêr't Fryslân amper mear selsstannichheid hie.
Omskriuwing
De provinsje Fryslân is foar in grut part agrarysk. Ek it
wettersport toerisme nimt in wichtich plak yn. Behalven om 'e
Fryske kij en it
skûtsjesilen is de provinsje ferneamd om syn taal, syn
reedriders, it
keatsen en it karakter fan syn
ynwenners.
Talen
Yn Fryslân wurde de neikommende talen en dialekten praat:
Sjoch ek
Fryslân | Nederlânske Oerheden
Friesland | Província de Frísia | Frisland (Nederland) | Friesland (Provinz) | Friesland | Frislando | Frisia | Friisimaa provints | فریسلاند | Friisinmaa | Frise (province) | 프리슬란트 주 | Friesland | Frisia | フリースラント州 | Friesland | Fryslân | Frieslaand | Friesland | Friesland (Nederland) | Fryzja (prowincja) | Província da Frísia | Frizia | Фрисландия | Friesland | Friesland | Friesland