article

Froubuorren (Vrouwenparochie; Biltsk: Froubuurt) is in doarp yn de gemeente It Bilt, mei likernôch 740 ynwenners.

Skiednis


Froubuorren is stifte yn de 16e ieu, by de bedyking fan it Bilt. It wie doe it eastlike fan de trij doarpen fan it Bilt, en it hiete Kijfhoeck, nei it plakje yn Hollân. Trochdat de doarpen de nammen fan de parochys dy't der yn stifte wienen oernamen waard it doarp neamt efter Us Leaffrou. Om de moune, east fan it doarp, hinne, is in de rin fan tiid de buorskip Buerstermûne groeid. Ek it eardere buorskip Aldebiltsyl, en parten fan Nijebiltsyl en Aldeleie, waarden rekkene ta de himrik fan Froubuorren.

Ferbinings


Froubuorren leit oan N393, de Middelwei, dy't nei it westen nei Sint Anne giet, en nei it súdeasten nei Stiens. Fia in opfeart hat Froubuorren ferbining mei de Aldrij en de Súdhoekster Feart, en fierder nei Berltsum en it âldlân.

Op 2 desimber 1902 waard yn Froubuorren in stasjon iepene fan it spoar fan Stiens nei Harns fan de NFLS. It station hie de geografyske ferkoarting Vrou. It waard sletten op 1 december 1940.

Ferskaat


Untwikkeling ynwennertal


Ferwizing


It Bilt | Vrouwenparochie

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Froubuorren".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld