article

Flylân (Vlieland) is ien fan de fiif Fryske waadeilannen. It is in gemeente mei 1.240 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in gebiet fan 320,5 km2, wêrfan 280,24 km2 wetter, en 55,9 km kust.

Plakken


It ienigste plak op it eilân is it doarp East-Flylân. Der hat ek in doarp West-Flylân west, mar dat hat men yn 1736 opjaan moatten oan de see.

Skiednis


Flylân is yn de rin fan tiid mear as ien kear fan provinsje feroare. De lêste kear is it yn 1942 by Fryslân kaam.

It eilân hat lang hast allinnich sân west. Sûnt de tweintiger jierren fan de 20e ieu hat Steatsboskbehear west fan East-Flylân in stik bosk oanlein, sa't it doarp minder lêst fan ferstowend sân krige.

Taal


Op Flylân wurdt allinnich Nederlânsk sprutsen.

Sjoch ek


Keppeling om útens


Gemeente yn Fryslân | Waadsee

Vlieland | Vlieland | Vlieland | Vlieland | Vlieland | Vlieland | Vlieland | Vlieland (eiland) | Vlieland

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Flylân".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld